Baden-Baden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Baden-Baden yn Dútslân

Baden-Baden is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg. De stêd hat 54.836 ynwenners (2000).

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De stêd hjitte yn it earstoan fan Baden, mar waard faak Baden in Baden neamd, om ûnderskied te meitsjen mei Baden bei Wien of Baden (Switserlân). Yn 1931 waard de namme offisjeel feroare yn Baden-Baden. It markgreefskip Baden hie hjir syn begjin, lykas ek it ferpartsjen yn Baden-Hachberg, Baden-Sausenberg, (markgreefskip) Baden-Durlach en markgreefskip Baden-Baden. Yn it lêste gefal hat de dûbele namme in oare oarsprong as de dûbele namme fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

By de âlde Romeinen wie de waarmwetterboarne mei temperatueren oant 68 graden Celsius op dit plak al bekend en doe hjitte it plak Aquae. Om 260 hinne waard de delsetting troch de Alemannen ferôvere en de termen fernield. De boarne rekke fergetten. Yn 1112 festige de markgreve fan Baden syn residinsje yn it plak. Om 1250 hinne krige it plak stedsrjochten en yn 1306 waard de waarmwetterboarne wer yn gebrûk naam. Yn de 19e ieu waard it plak de simmerhaadstêd fan Europa neamd. Yn dy tiid kamen begoedigen út hiel Europa in skoft fan it jier nei Baden-Baden om te ûntspannen. Wichtige besikers wienen ûnder oaren keninginne Victoria, keizer Wilhelm I en Napoleon III. De komponist Johannes Brahms wenne fan 1863 oant 1874 yn de stêd en de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev hâlde der ek geregeldwei ta.

Yn de Twadde Wrâldkriich bleau de stêd sparre fan alliearde bombardeminten; dêrnei wie it haadkertier fan de Frânske besettingssône.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | edit source]

De Stadtkreis Baden-Baden bestiet út: Oos, Sandweier, Haueneberstein, Balg, Ebersteinburg, Weststadt mei de Ooswinkel, Cité, Innenstadt, Lichtental mei Oberbeuern, Geroldsau, Neuweier, Steinbach en Varnhalt.

Berne yn Baden-Baden[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Baden-Wúrtemberch
Flagge fan Baden-Wúrtemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberg - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm