Heidelberch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heidelberch
Heidelberg 20030918.jpg
Lân Dútslân
Dielsteat: Baden-Wúrtemberch
Krite: Kreisfreie Stadt
Ynwennertal 149.633 (1375 ynw/km²)(2011)
Oerflak: 108,83 km²
Tiidsône: CET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten: 49° 25' NB, 08° 43' EL
Webside: www.heidelberg.de
Heidelberch

Heidelberch is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wúrtemberch, net fier fan de mûning fan de Neckar yn de Ryn. De stêd is bekend om syn histoaryske sintrum en universiteit. De winkelstrjitte yn it sintrum tusken Bismarckplatz en it Heidelberger Schloss is 1,6 kilometer lang.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd waard yn 1196 foar it earst yn offisjele dokuminten neamd. Yn 1386 waard yn Heidelberch de Ruprecht-Karls-Universität stifte, de âldste universiteit fan Dútslân.

Yn de earste helte fan de 16e ieu begjint de Reformaasje yn it súdwesten fan Dútslân. Yn 1563 ferskynd yn Heidelberch de Heidelberchske Kategismus en yn 1572 de earste Dútske oersetting fan "Institutio Christianae Religionis", it wichtichste wurk fan Jehannes Kalvyn.

Yn de Twadde Wrâldkriich is de stêd net bot skeind troch bombardeminten.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | edit source]

"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberch.

Museums[bewurkje seksje | edit source]

  • Kastiel fan Heidelberch
  • Völkerkundemuseum
  • Deutsches Apotheken-Museum
  • Verpackungsmuseum
  • Prinzhorn-Sammlung
  • Carl Bosch Museum
  • Kurpfälzisches Museum der Stadt Heidelberg

Berne yn Heidelberch[bewurkje seksje | edit source]

Stoarn yn Heidelberch[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heidelberch fan Wikimedia Commons.
 
Baden-Wúrtemberch
Flagge fan Baden-Wúrtemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberg - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm