Anita Gyöngy

Ut Wikipedy
Anita Gyöngy
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anita, Maria Ceaucinsky,
Gyöngy M., Melissa G., Laura,
Marika
echte namme Anita Gyöngy
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 30 juny 1974
berteplak ûnbekend (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951999
offisjele webside
gjint

Anita Gyöngy (Hongaarske útspr.: [ʤønʤ], likernôch: "dzjundzj"; yn Hongarije, 30 juny 1974), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gyöngy M., Melissa G. en Laura. Gyöngy sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 1999 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anita Gyöngy waard yn 1974 earne yn Hongarije berne. Hja waard yn 1995 by in audysje ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa op 'e sneup wie nei nij talint. Noch datselde jiers makke se, mei 21 jier, har debút yn ien fan syn pornografyske films.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Gyöngy neitiid yn sân films, dy't foar it meastepart produksjes wiene fan it Sweedske Private-label. Dêrby wurke se gear mei manlike tsjinspilers as Yves Baillat, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel, David Perry, Leslie Taylor en Frank Versace.

Gyöngy har bekendste film wie La Dolce Vita Hotel, fan Private. Dêrnjonken spile se ek yn in ôflevering fan 'e rige Private Video Magazine, en har audysjefideo wie sabeare te sjen yn it fjirde diel fan 'e Private Castings X-searje. Fierders wurke Gyöngy ek foar de Dútske studio Multi Media Verlag en foar de Italjaanske labels Rabbit Video en Moonlight Video. Uteinlik loek se har yn 1999 út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anita Gyöngy is blank, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se allikemin.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: