Private (filmstudio)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Private, eins folút: de Private Media Group, is in fan oarsprong Sweedske pornografyske filmstudio dy't him ûntjûn hat ta in ynternasjonaal mediaconcern dat sawol pornografy produsearret as útsutelet, fia printe publikaasjes, dvd's, it ynternet, mobile tillefoans en in eigen beteltillevyzjestjoerder, Private Spice. Private waard yn 1965 oprjochte yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm troch Berth Milton sr., dy't doe úteinsette mei de publikaasje fan it earste pornoblêd yn kleur fan 'e hiele wrâld, Private Magazine. Begjin fan jierren njoggentich waard it bedriuw oernommen troch syn soan, Berth Milton jr., dy't it haadkertier letter ferhuze nei Sant Cugat del Vallès, dat ûnderdiel is fan 'e Spaanske metropoal Barseloana. Under Milton jr. wie der in grutte útwreiding. Private Magazine krige susterútjeften, lykas Pirate en Triple X Magazine, en de Private Media Group begûn ek films te produsearjen en sette in meartalige webside op.

Private hie rillegau in soad súkses mei syn films, benammen yn Jeropa, lykas mei de Tatiana-trilogy en de The Pyramid-trilogy. Guon fan 'e bekendste Jeropeeske pornoaktrises binne harren karriêre begûn by Private, lykas Katja Kean, Laura Lion, Nikki Anderson en Tania Russof. Private is ferneamd om syn high-budget-filmprojekten, lykas de twadielige film Millionaire, regisearre troch Alessandro del Mar, dy't nei't der grute wurdt in budget fan $ 1,9 miljoen hie. Trochstrings produsearret Private tsien oant tolve nije films de moanne. Yn 1998 waard fierders in eigen designer-kleanmerk lansearre, dat yn 't earstoan Private Circle hiet, mar letter omneamd waard ta Private Clothing. Yn 1999 liet de Private Media Group him registrearje yn 'e Amerikaanske steat Nevada en fan 1999 oant 2011 wie it de earste pornografyproduksjemaatskippij dy't opnommen waard yn 'e NASDAQ-yndeks fan 'e Amerikaanske oandielemerk. Sûnt 2008 wurdt benammen op 'e Frânske merk nau gearwurke mei de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.