Ambachtsskoalle (Drachten)

Ut Wikipedy
Ambachtsskoalle (Drachten)
bouwurk
Ambachtsskoalle Drachten, 1934
Ambachtsskoalle Drachten, 1934
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Burgemeester Wuiteweg 55
bysûnderheden
type bouwurk Skoalle
boujier 1906
sloopjier 2017
arsjitekt G.S. Kijlstra en D.T. van Manen
oare ynformaasje
kosten (Goed) 32.000 gûne

De eardere ambachtsskoalle yn Drachten is in yn 1909 boud skoalgebou dat yn 2017 sloopt is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1899 waard der in feriening oprjochte om te kommen ta it bouwen fan in ambachtsskoalle yn Drachten. Troch har ynset waard úteinlik 10 jier letter, op 4 novimber 1909, de ambachtsskoalle oan de Suderstrjitwei (sûnt 1942 Burgemeester Wuiteweg iepene. De offisjele iepening waard dien troch de kommissaris fan de Keninginne, Van Harinxma thoe Slooten, yn it bywêzen fan de pleatslike notabelen, boargemaster Albertus Bruins Slot en de learlingen mei harren famyljeleden.

De skoalle is ûntwurpen troch de arsjitekten G.S. Kijlstra en D.T. van Manen. De bou waard nei in oanbesteging yn febrewaris 1909 realisearre troch de oannimmers G. Kijlstra en S. de Boer. De earste skoaldei foar de 23 learlingen (12 learling timmerman, 8 learling smid en 3 learlingen skilder) wie op 8 novimber 1909. De learlingen kamen net allinnich út Drachten mar ek út Boarnburgum, Koartehimmen, Fryske Peallen, Sigerswâld, Beetstersweach, De Pein en Eastermar. Hast alle learlingen kamen doedestiids rinnend nei skoalle.

Yn 'e rin fan 'e jierren hawwe der wat ferbouwings en útwreidings op it mêd fan it tal opliedingen west. Yn 1926 waard in grutte timmerwurkpleats byboud. Yn it midden fan it pân waard yn 1934 in tinkrút pleatst by gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan de skoalle, oanbean troch leararen en learlingen. It rút wie in ûntwerp fan learaar Van den Ham en waard makke troch Bijholt & Co. út Grins

LTS 'De Compagnons'[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ambachtsskoalle waard yn de jierren 50 omdoopt ta Legere Technyske Skoalle. De timmermans-, skilders- en smidsoplieding waard útwreide mei mitseljen en fynmetaal (1952), elektrotechnyk (1956), bôle- en banketbakkerij (1957) en healwei de jierren 80 waard it yndividueel beropsûnderwiis (ibo) taheakke.

Yn it tiidrek 1960 -1969 is de skoalle yngripend ferboud, de kosten wienen mei-inoar 3,2 miljoen gûne. By dy yngeande ferbouwing moasten de learlingen geregeld earne oars ûnderbrocht wurde. Sa koene se op de woansdeitemiddeis gebrûk meitsje fan ferskate legere skoallen. Ek Philips stelde romte beskikber en trochdat de sosjale wurkpleats 'De Brug' fan de Súdkade ôf ferhuze, koe men dêr ek in skoftsje gebrûk fan meitsje. Op 26 febrewaris 1970 is de wer- en nijbou iepene troch Mr. J.G.M. Broekman, direkteur-generaal fan it ministearje fan Underwiis.

Op 1 augustus 1983 is de skoalle fusearre mei de skoalle foar Leger Hûshâld- en Nijverheidsûnderwiis oan de Torenstraat en krige doe de nije namme Skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis 'De Compagnons'

Sloop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gomarus Kolleezje op it plak fan de eardere ambachtsskoalle

Yn 2016 waard oankundige dat it Gomarus Kolleezje in nij ûnderkommen krije soe oan de Boargemaster Wuitewei 55, op it plak fan de eardere ambachtsskoalle dy 't yntusken yn minne steat ferkearde. Boutechnysk wie it pân net mear gaadlik foar gebrûk: ien fan de sydmuorren fertoande skuorren, de ferdjippingsflierren wiene fan hout en isolaasje wie net oanwêzich. De lêste brûker fan it pân wie De Lawei dy 't dêr ûnderdak fûn doe't de skouboarch ferboud waard.

Hoewol't de gemeente Smellingerlân in foarkar hie foar sloop en nijbou, joech de gemeente wol ta "dat it gebou foar guon in wichtich landmark yn Drachten is en dat der "mei de nedige foarsichtichheid mei it gebou en de lokaasje omgien wurde moat". In tal Drachtsters mei each foar skiednis kaam dêrop yn aksje om de gevel fan de âlde ambachtsskoalle yn Drachten te behâlden en ûnderdiel te meitsjen fan de plande nijbou.

Lang om let bliek behâld fan de gevel net mooglik, sadat in hiel nije skoalle boud waard, mar wol de monumintale beammen op it foarterrein stean bleaune. Op 14 maart 2019 kaam minister fan ûnderwiis Arie Slob nei Drachten ta om de nijbou fan it Gomarus Kolleezje offisjeel te iepenjen.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: