Ypeymûne
Ypeymûne | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Westerdyk | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Grûnsiler | |
boujier | 1858 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 35687 [1] | |
webside | Stifting De Fryske Mole |
De Ypeymûne is in poldermole west fan Ryptsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in reiddutsen houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren.
De Ypeymûne stie ynearsten sûnt 1858 by it oan de noardrâne fan Tytsjerk lizzende park Fiversburch (ek wol de Bosk fan Ypey neamd).
Fanwegen in roedebrek waard de mûne yn 1958 bûten bedriuw steld. Hy waard restaurearre, mar dêrby krige hy te koarte roeden, út noed oer de mooglikheid dat de jongerein oars yn de ûnbeheard steande mûne klimme soe. De Ypeymûne rekke dêrnei yn ferfal.
Yn de jierren 1980-1981 waard de mûne fersetten en op it nije stee oan de Ryptsjerkster Feart restaurearre. Dêr bemeallet de mûne de 13 ha grutte simmerboezem fan de Koekoekspetten.
De Ypeymûne is eigendom fan de Stifting De Fryske Mole en wurket regelmjittich.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (ned) Moledatabank - Ryptsjerk, Ypey Mole
- (ned) De Hollandsche Molen
- (ned) Alle Molens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|