Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata
Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata | ||
plak en tiid | ||
lân | Argentynje | |
provinsje | Buenos Aires | |
partido | General Pueyrredón | |
plak | Mar del Plata | |
tiid fan it jier | novimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FICMP | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1954 – no | |
oprjochter | Jesús Miller | |
org. troch | INCAA | |
offisjele webside | ||
www.mardelplatafilmfest.com |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata (Spaansk: Festival Internacional de Cine de Mar del Plata) is in filmfestival dat elt jier yn novimber holden wurdt yn 'e Argentynske stêd Mar del Plata. It is it meast foaroansteande en âldste evenemint fan syn soarte yn Latynsk-Amearika en it iennichste kompetative filmfestival yn dat wrâlddiel dat erkenning genietet fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF). De organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata is yn 'e hannen fan it Argentynske Nasjonaal Ynstitút foar Sinema en Audiofisuele Keunsten (INCAA).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata waard yn 1954 oprjochte troch Jesús Miller as it Ynternasjonaal Sinematografysk Festival (Festival Cinematográfico Internacional). It hie yn 't earstoan gjin kompetatyf skaaimerk; ynstee wie it inkeld bedoeld as in tentoanstelling fan in seleksje ynternasjonale films. Yn 'e iere jierren krige it festival in beskate reputaasje omreden fan 'e oanwêzigens fan ferskate ferneamde ynternasjonale gasten op 'e ûnderskate edysjes, lykas Mary Pickford, Gina Lollobrigida en Erroll Flynn.
Yn 1959 kaam de organisaasje fan it festival yn 'e hannen fan 'e Argentynske Feriening fan Filmkritisy. Om dyselde tiid hinne waard der ek in kompetysje fan makke en krige it festival erknning fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF). Yn 1964 waard it festival ferhuze nei de Argentynske haadstêd Buenos Aires, en feroare de namme yn Ynternasjonaal Sinematografysk Festival fan 'e Argentynske Republyk (Festival Cinematográfico Internacional de la República Argentina). In jier letter kearde it evenemint lykwols werom yn Mar del Plata. Yn 1968 waard it foar it earst organisearre troch it Nasjonaal Ynstitút foar Sinema en Audiofisuele Keunsten (INCAA), en yn 1970 naam dy ynstelling de organisaasje foargoed oer.
Yn 'e 1960-er jierren wiene op 'e ferskate edysjes fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata bekendheden te gast as Paul Newman, François Truffaut, Catherine Deneuve, Anthony Perkins, Jean-Paul Belmondo, Maria Callas, Andrzej Wajda, Jacques Tati en George Hamilton. Yn 1967 en 1969 gie it festival lykwols net troch om't yn Rio de Janeiro, yn it buorlân Brazylje, om deselde tiid hinne ek in filmfestival organisearre waard. Doe't Argentynje yn 'e 1970-er jierren in perioade fan politike ynstabiliteit trochmakke dy't late ta in wier skrikbewâld ûnder in militêre gûnta mei in opienfolging fan diktators, waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata nei de edysje fan 1970 net wer holden.
Nei't yn 1983 de diktatuer ûnder fuotten helle wie en Argentynje in demokrasy waard, besocht men ferskate kearen om 'e nocht en blaas it filmfestival nij libben yn. Pas yn 1996 waard it foar it earst yn 25 jier wer holden. Fan 2001 oant 2007 foel it yn maart, mar yn 2008 waard it ferskood nei novimber. Sûnt 1996 hat it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata stadichoan syn histoaryske reputaasje weromwûn.
Seksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De seleksje oan films op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata is sûnt 2007 ferdield yn 'e folgjende seksjes:
- de Ynternasjonale Kompetysje
- de Latynsk-Amerikaanske Kompetysje
- de Argentynske Kompetysje
- Feroare Steaten, in kompetysje foar eksperimintele films
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichte priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata útrikt wurdt, waard yn 1959 ynsteld as de Grutte Priis fan 'e Sjuery. Yn 1968 en 1970 hiet er de Grutte Kondor, en fan 1996 oant en mei 2003 wie it de Gouden Ombú. Sûnt 2004 hjit dizze priis de Gouden Ástor, ta eare fan 'e Argentynske muzikant Ástor Piazzolla. Oare prizen binne de Sulveren Ástor, dy't útrikt wurdt yn fjouwer kategoryen (bêste regisseur, bêste akteur, bêste aktrise en bêste senario), en de Spesjale Priis fan 'e Sjuery.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |