Ynterfryske Flagge
De Ynterfryske Flagge is in mienskiplike flagge dy't symboal stiet foar alle Fryslannen. It idee om sa'n flagge te ûntwerpen, ûntstie foar it earst yn 2004, op it trijejierlikse Ynterfrysk Kongres op it eilân Hilgelân, doe't leden fan 'e Groep fan Auwerk harren begûnen ôf te freegjen wêrom't der eins gjin flagge wie dy't alle Friezen fertsjintwurdige. Men koe it lykwols mar dreech iens wurde oer it ûntwerp fan sa'n "ynterfryske flagge", mei as gefolch dat der no mear as ien yn 'e omgong is. Dat, hoewol't it doel fan it ûntwerpen fan sa'n flagge wie om alle Fryslannen mei-inoar te ferbinen en de gearwurking tusken de Friezen fuort te sterkjen, is it spitigernôch suver mear wat wurden dat harren útinoar dreaun hat.
Earste útstel fan de Groep fan Auwerk (2006)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e simmer fan 2006 kaam de Groep fan Auwerk mei in útstel foar in ynterfryske flagge dat basearre wie op 'e flaggen fan 'e Skandinavyske lannen. It ûntwerp wie makke yn gearwurking mei de Fryske Rie foar Heraldyk, en bestie út in goudgiel fjild mei in wyt lizzend krús (ek wol Skandinavysk krús neamd), dat in blauwe râne hie. De ferhâldings fan it krús en de râne binne gelyk binne oan dy op 'e flaggen fan û.m. Noarwegen en Iislân. Yn 'e binnenhoeken fan 'e fjouwer goudgiele flakken wiene fierders fjouwer reade pompeblêden tafoege, dy't mei de rûne kant nei-inoar ta stiene. Op ôfbyldings dy't men op it ynternet fine kin, hawwe de pompeblêden trouwens frjemd genôch mear de foarm fan herten (en boppedat hat op dy ôfbyldings it krús ek net persiis de ferhâldings dy't it op 'e Noarske en Iislânske flaggen hat).
Utlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kar foar it Skandinavyske krús waard makke fanwege it feit dat de Friezen as folk op ferskate mêden besibbe binne oan 'e oare folken om 'e Noard- en Eastsee hinne, dêr't dit ûntwerp in protte foarkomt. De krúsfoarm ferwiisde, neffens de útlis dy't de Groep fan Auwerk bea, boppedat nei de iuwenâlde bân fan 'e Friezen mei it kristlik leauwe, mar koe ek as teken foar de sinne, en as sadanich dus as in heidensk symboal, opfet wurde.
De fjouwer pompeblêden, dy't nei-inoar ta wiisden as teken fan Fryske gearwurking, stiene foar alle Fryslannen: Westerlauwersk Fryslân, East-Fryslân, Noard-Fryslân en ien ekstra foar de Friezen om utens en de eardere Fryske gebieten, lykas de Grinzer Ommelannen en it Hollânske West-Fryslân.
Wat de kleuren oanbelangen, dy wiene ûntliend oan 'e ûnderskate Fryske flaggen. Sa komt it giel yn 'e foarm fan in horizontale baan foar op 'e flagge fan Noard-Fryslân, en steane op 'e flagge fan West-Fryslân en op it provinsjewapen fan Westerlauwersk Fryslân goudene liuwen. De kleur blau komt op alle Fryske flaggen foar, wylst wyt ûnderdiel útmakket fan 'e flaggen fan Westerlauwersk Fryslân, West-Fryslân, de Ommelannen en Hilgelân. It read fan 'e pompeblêden komt ek op 'e measte flaggen fan 'e Fryslannen foar.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze flagge wappere foar it earst yn septimber 2006, by de betinking fan 'e Slach by Warns op it Reaklif. Neffens de Groep fan Auwerk wie it harren bedoeling dat alle Friezen harren weromfine kinne moasten yn 'e flagge, mar dêr blieken se de planke mei mis slein te hawwen.
Tsjinútstellen fan 'e Eastfryske Seksje fan 'e Fryske Rie (2006)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plan fan 'e Groep fan Auwerk rûn averij op, doe't de Eastfryske Seksje fan 'e Fryske Rie oanstjit naam oan it feit dat de Eastfriezen yn it ûntwerp fan 'e nije Ynterfryske Flagge omdôch nei alle kleuren fan harren eigen flagge sochten. De Eastfryske flagge bestiet nammentlik út trije horizontale banen swart-read-blau, en swart kaam yn it ûntwerp fan 'e Groep fan Auwerk net foar. Dat makke dy flagge foar harren ûnakseptabel. Sadwaande kaam de Eastfryske Seksje fan 'e Fryske Rie yn it neijier fan 2006 noch mei twa tsjinútstellen.
It earste tsjinútstel wie basearre op 'e Eastfryske flagge, mei trije horizontale banen swart-read-blau, mar dêrby wiene yn 'e boppeste (swarte) baan twa giele pompeblêden oanbrocht en yn 'e ûnderste (blauwe) baan trije wite pompeblêden. It twadde tsjinútstel bestie út in fjild dat diagonaal ferdield wie yn twa flakken: loftsboppe blau en rjochtsûnder read. Dêroerhinne wie yn 'e midden ien reuseftich pompeblêd oanbrocht, dat opdield wie yn trije skeane banen giel, swart en wyt, rinnend fan loftsboppe nei rjochtsûnder. Dizze ûntwerpen stiene safier ôf fan wat yn Westerlauwersk Fryslân as de Fryske identiteit ûnderfûn wurdt, dat se dêr nea serieus nommen binne.
De nije Ynterfryske Flagge fan 'e Fryske Rie (2009)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Rie naam rom de tiid om him op 'e ûntstiene kontroverse te besinnen, en kaam doe mei in hiel oar ûntwerp, dêr't men fan miende dat it alle swierrichheden fuortnimme soe. De nije flagge waard presintearre op it Ynterfrysk Kongres fan 2009, dat dat jiers yn it Eastfryske Lier holden waard.
De flagge hie in blau fjild, dat neffens Roel Kaastra, de foarsitter fan 'e Westerlauwersk Fryske Seksje fan 'e Fryske Rie, ferwiisde nei it blau fan 'e flagge fan 'e Jeropeeske Uny, want "Friezen binne oertsjûge Europeänen."[1] Yn 'e midden fan 'e flagge wie in sirkel dy't troch in wyt rântsje fan it blauwe fjild skaat waard. Yn 'e midden fan dy sirkel lei in lytser rûntsje dat wer blau wie. Tusken it wite rântsje en it blauwe rûntsje wie de sirkel opdield yn trije stikken (taartpunten) fan gelikense grutte. Ien dêrfan hie in bûtenste swarte baan en in binnenste reade baan, dy't mei it blauwe rûntsje de kleuren fan East-Fryslân foarmen. It twadde stik hie in bûtenste giele baan en in binnenste reade baan, dy't mei it blauwe rûntsje de kleuren fan Noard-Fryslân werjoegen. En it trêde stik wie wyt mei sân reade pompeblêden, dat mei it blau fan it binnenste rûntsje Westerlauwersk Fryslân ferbyldzje moast.
It gehiel die wat tinken oan in sjitskiif, of oan in rûndiel, sa't de loftmacht dy brûkt. De flagge wie ûntwurpen troch Charly Rickmers fan it Noardfryske eilân Feer. Sûnder ôf te wachtsjen wat de bûtenwacht fan dizze flagge sizze soe, waard er troch de Fryske Rie daliks mar fêststeld as de offisjele flagge fan dat ynterfryske oerlisorgaan.
Twadde útstel fan de Groep fan Auwerk (2009)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in ferklearring fan juny 2009 priizge de Groep fan Auwerk de Fryske Rie om't dy wurd holden hie troch dat jiers mei in flagge te kommen, mar dochs wiene se it net iens mei de kar fan 'e Rie. De beswieren fan 'e Groep fan Auwerk tsjin 'e nije Ynterfryske Flagge wiene fan twaerlei aard: yn it foarste plak liek dy harren net heraldysk ferantwurde, en boppedat fertsjintwurdige de "sjitskiifflagge" inkeld de Friezen yn Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân, wylst de Groep fan Auwerk graach in universele flagge foar alle Friezen sjen soe, dêr't ek Friezen om utens yn meinommen waarden en dý ynwenners fan eardere Fryske gebieten as West-Fryslân, de Ommelannen en it Dútske lânskip Woersten dy't har noch Fries fiele.
Dêrta stelde de Groep fan Auwerk út om 'e saneamde Redbadflagge, de legindaryske flagge fan 'e ier-Midsiuwske Fryske kening Redbad, ta ynterfryske flagge te beneamen. De Redbadflagge hat in blau fjild mei dêrop twa goudene, steapele, wache (d.w.s. jin oansjende), geande liuwen mei reade klauwen. Om 'e liuwen hinne binne sulverne (wite) peinjes ferspraat (neffens de beskriuwing fan 'e Groep fan Auwerk, al lykje dy in fertocht soad op lytse pompebledsjes). It muoide de Groep fan Auwerk dat de Redbadflagge pas sa let yn byld kommen wie, mar dochs liek it harren de bêste kar ta.
Krityk fan Die Friesen (2009)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek fan oare kanten kaam der krityk op 'e kar fan 'e Fryske Rie foar de "sjitskiifflagge". Arno Rademacher, de foarsitter fan 'e Eastfryske politike partij Die Friesen, liet yn juny 2009 witte dat hy it ûntwerp fan 'e nije flagge fan in bernich nivo fûn, en dat de úteinlike kar yn in fiersten te lyts fermidden makke wie. Fierders sleat er him by de krityk fan 'e Groep fan Auwerk oan, mei't er fûn dat de ûntwerpen fan 'e flaggen fan 'e trije ûnderskate Fryslannen te prominint oanwêzich wiene yn 'e nije flagge, en dat men better foar in yntegraal symboal kieze kind hie dat àlle Friezen fertsjintwurdige. Syn útstel wie om dan de Westerlauwersk Fryske flagge mar yn te fieren as ynterfryske flagge.
Reäksje fan 'e Fryske Rie (2009)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in reäksje op 'e krityk fan 'e Groep fan Auwerk en Die Friesen liet de Fryske Rie yn juny 2009 witte, dat wat harren oangie de kar foar de "sjitskiifflagge" definityf wie en dat dêrmei foar harren de kwestje sletten wie. Dêrmei waard de ûnderboude krityk fan 'e tsjinstanners fan 'e "sjitskiifflagge" sûnder dat der ynhâldlik op yngien wie, oan kant reage. In spitige ûntwikkeling, want in grut part fan 'e Friezen sil him wierskynlik nea werkenne yn 'e kar fan 'e Fryske Rie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|