Springe nei ynhâld

Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen

Ut Wikipedy
Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen
sportHurdfytsen
organisatorUCI
earste edysje1893 manlju,
1958 froulju
edysjes
foarige2022
folgjende2023
Temaside  Sport

De wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen binne wrâldkampioenskippen foar ferskate dissiplines en ôfstannen yn it baanhurdfytsen en wurde organisearre troch de UCI.

De kampioenskippen waarden foar it earst yn 1893 hâlden, yn it Amerikaanske Chicago. Dizze kampioenskippen waarden organisearre troch de International Cycling Association. Fan de kampioenskippen fan 1900 ôf naam de UCI de lieding op him. Oant no ta waard der alle jierren in kampioenskip hâlden, mei útsûndering fan 1915-1919 (Earste Wrâldkriich) en 1940-1945 (Twadde Wrâldkriich). By it kampioenskip fan 1939 waard de finale by de sprinters tusken de Nederlanner Arie van Vliet en de Belch Jef Scherens skrast, troch it útbrekken fan de kriich. De Dútser Albert Richter krige syn brûnzen medalje noch al útrikt.

Yn 1958 stiene ek foar it earst dissiplinen foar froulju op it programma. Yn 1993 waard der ôfstapt fan de twa klassen dy 't ûnderskied makken tusken profesjonele hurdfytsers en amateurs.

  • Sprint - sûnt 1893
  • Teamsprint - sûnt 1995
  • Efterfolging - sûnt 1946
  • Ploege-efterfolging - sûnt 1993
  • Keirin - sûnt 1980
  • Omnium - sûnt 2007
  • Tiidrid (1 km) - sûnt 1966
  • Puntekoers - sûnt 1977
  • Scratch - sûnt 2002
  • Offalkoers - sûnt 2021
  • Koppelkoers - sûnt 1995
  • Tandem - fan 1966 oant 1994
  • Stayeren - fan 1893 oant 1992

Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):

hurdfytster Goud Sulver Brûns Totaal Underdiel
1 Flagge fan Frankryk FRAArnaud Tournant 14 3 2 19 Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin
2 Flagge fan Grut-Brittanje GBRChris Hoy 11 6 8 25 Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin
3 Flagge fan Nederlân NEDHarrie Lavreysen 11 3 0 14 Sprint, Keirin, Teamsprint
4 Flagge fan Frankryk FRAFlorian Rousseau 10 2 4 16 Teamsprint, Tiidrit (1 km), Sprint
5 Flagge fan Switserlân   SUIUrs Freuler 10 0 5 15 Puntekoers, Keirin, Ploege-efterfolging
6 Flagge fan Japan JPNKōichi Nakano 10 0 0 10 Sprint
7 Flagge fan Austraalje AUSCameron Meyer 9 4 2 15 Ploege-efterfolging, Puntekoers, koppelkoers
8 Flagge fan Frankryk FRAGrégory Baugé 9 4 1 14 Sprint, Teamsprint
9 Flagge fan Frankryk FRADaniel Morelon 8 3 5 16 Sprint, Tandem, Keirin
10 Flagge fan Nederlân NEDJeffrey Hoogland 7 8 0 15 Tiidrit (1 km), Sprint, Keirin, Teamsprint
  • Sprint - sûnt 1958
  • Teamsprint - sûnt 2007
  • Efterfolging - sûnt 1958
  • Ploege-efterfolging - sûnt 2008
  • Keirin - sûnt 2002
  • Omnium - sûnt 2009
  • Tiidrit (500 m) - sûnt 1995
  • Puntekoers - sûnt 1988
  • Scratch - sûnt 2002
  • Offalkoers - sûnt 2021
  • Koppelkoers - sûnt 2017

Medaljeferdieling nei persoan oant en mei 2022 (top-10 klassemint):

hurdfytster Goud Sulver Brûns Totaal Underdiel
1 Flagge fan Austraalje AUSAnna Meares 11 10 6 27 Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m)
2 Flagge fan Dútslân GERKristina Vogel 11 1 4 14 Sprint, Teamsprint, Keirin
3 Flagge fan Frankryk FRAFélicia Ballanger 10 1 0 11 Sprint, Tiidrit (500 m)
4 Flagge fan Grut-Brittanje GBRVictoria Pendleton 9 5 2 16 Sprint, Teamsprint, Keirin, Tiidrit (500 m)
5 Flagge fan Nederlân NEDKirsten Wild 9 4 5 18 Puntekoers, koppelkoers, scratch, omnium
6 Flagge fan de Feriene Steaten USASarah Hammer 8 5 2 15 Efterfolging, Ploege-efterfolging, Puntekoers, omnium
7 Flagge fan Wyt-Ruslân BLRNatallia Tsylinskaya 8 1 1 10 Sprint, Tiidrit (500 m)
8 Flagge fan Grut-Brittanje GBRLaura Kenny 7 7 1 15 Ploege-efterfolging, scratch, omnium
9 Flagge fan Dútslân GERLea Sophie Friedrich 7 2 0 9 Tiidrit (500 m), Keirin, Sprint, Teamsprint
10 Flagge fan de Feriene Steaten USAChloé Dygert 7 0 0 7 Efterfolging, Ploege-efterfolging
Boarnen, noaten en/as referinsjes: