Wrâldkampioenskippen fjildriden
Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen | ||||
Reinbôgehimd, it himd foar de wrâldkampioen | ||||
sport | Hurdfytsen | |||
organisator | UCI | |||
earste edysje | 1990 manlju, 2000 froulju | |||
edysjes | ||||
foarige | 2023 | |||
folgjende | 2024 | |||
|
De wrâldkampioenskippen fjildriden wurde jierliks organisearre troch de UCI. Der wurde WK's ferriden yn de kategoryen elite (manlju en froulju), beloften (manlju en froulju) en junioaren (manlju en froulju).
De earste edysje foar manlju fûn plak yn 1950, wylst de earste edysje foar froulju hâlden waard yn 2000. De manlju beloften rieden foar it earst in aparte wedstriid yn 1996, de froulju beloften moasten hjirfoar wachtsje oant yn 2016. Yn 1979 fûn de earste edysje foar de manlju junioaren plak, by de froulju junioaren waard der pas foar it earst in aparte wedstriid ynrjochte yn 2020. Fan 1967 oant 1993 waard der ek in wrâldkampioenskip foar amateurs of leafhawwers organisearre.
Yn 2021 koene foar it earst yn de skiednis fan it WK fjildriden net alle oarspronklik plande wedstriden ferriden wurde. Twa wiken foar it WK besliste de UCI om de wedstriden foar manlju en froulju junioaren te skrassen yn ferbân mei de koroanapandemy.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen Manlju/Froulju
- Wrâldkampioenskippen fjildriden manlju/froulju
- Wrâldkampioenskippen dykhurdfytsen
- Wrâldkampioenskippen berchfytsen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |