Wite Tsjerke (De Himrik)
Wite Tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | De Himrik | |
adres | Binnenwei 22 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1739 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31856 | |
offisjele webside | ||
Side fan de Wite Tsjerke, De Himrik |
De Wite Tsjerke is de tsjerke fan De Himrik yn de gemeente Opsterlân.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De foarhinne oan de apostel Andreas wijde tsjerke waard yn 1739 boud op de fûneminten fan in midsieuwske tsjerke. Archeologyske fynsten by de lêste restauraasje fan de tsjerke ferdútsten dat hjir al sûnt 14e iuw in lytser tsjerkje stien hat. Der waarden munten, kleastermoppen, tegeltsjes en âlde grêven fûn.
De herfoarme tsjerke fan Lippenhuzen en De Himrik slagge der yn de jierren 1990 net mear yn om twa tsjerkegebouwen te ûnderhâlden en moast de tsjerke fan De Himrik ôfstjitte. It gebou ôfbrekke wie gjin opsje en al gau die it Karmelkomitee út Drachten bliken fan it hawwen fan belangstelling foar it gebou. Tegearre mei in troch pleatslik belang gearstalde kommisje waard de Stichting Beheer Witte Kerk oprjochte. Dy stifting is hoeddedei de eigner fan it ryksmonumint.[1][2]
Yn de jierren 2001-2002 waard de tsjerke restaurearre. De muorren fan de tsjerke waarden ûnder hannen nommen, it gebou krige nije dakpannen en de tsjerkebanken waarden opknapt. Fierdersoan waarden der oanpassingen dien om de tsjerke ek foar oare aktiviteiten geskikt te meitsjen.[3]
Yn stee fan in toer stiet der op it tsjerkhôf in klokkestoel mei in wulfdak. Yn de klokkestoel hinget in klok fan Geart fan Wou út 1494. De trochsneed fan de 650 kg. swiere klok mjit 100 cm. en hat as opskrift Sanctus Andreas is myn naem/Myn gheludt sy gode bequaem/Gerhardus de Wou me fecit/Anno domini MCCCCXCIV (1494). Op it tsjerkhôf waard yn 1860 in grêfkelder boud yn opdracht fan Jan Alles v.d. Sluis. Hjir rêste 36 minsken.
Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kânsel yn de tsjerke stamt út de 17e iuw. It oargel waard yn 1940 troch Bakker & Timmenga boud. Dêrby brûkten de oargelbouwers ûnderdielen fan in âlder oargel út 1839 út Wâldsein.
Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de tsjerke fine tal fan kulturele aktiviteiten plak. Dêrnjonken is it in offisjele troulokaasje fan de gemeente. Ek wurdt it gebou noch foar tsjerketsjinsten en begraffenissen brûkt.[4]
Ôfbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
-
Klokkestoel
-
Klok Geart fan Wou
-
Grêfkelder famylje Van der Sluis
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|