Springe nei ynhâld

Wikipedy:Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Foar it skriuwen en oanfoljen fan artikels yn 'e Wikipedy binne eins mar fjouwer echte regels:

  • De stikken moatte sa objektyf mooglik wêze.
  • Der meie gjin teksten of byldmateriaal oernommen wurde dy't ûnder it auteursrjocht falle.
  • De teksten binne skreaun yn geef Frysk (mei romte foar gongbere dialektfarianten).
  • De algemiene rjochtlinen fan Wikipedia jilde ek op de Fryske Wikipedia.

Lingte en opbou

[boarne bewurkje]

In nij artikel hoecht net perfoarst in hiel lang ferhaal te wurden. Jo meie ek lyts begjinne. Lytse artikelen wurde gauris útwreide en oanpast troch oaren. Dat wol fansels net sizze dat nije stikken net wiidweidich wêze meie - krekt oarsom!

Titel

  • Is de titel net langer as ien wurd? Brûk dan as it heal kin de ientalsfoarm fan it haadwurd:
    • Giet de side oer it tennisjen, dan brûke wy net it tiidwurd 'tennisje' mar it haadwurd 'tennis'.
    • Is der gjin haadwurdfoarm dy't by it tiidwurd past, dan wurdt de doelfoarm fan it tiidwurd brûkt. Fan it tiidwurd 'fierljeppe' wurdt de doelfoarm foar de titel brûkt, dus dy wurdt yn dat gefal 'fierljeppen'.
  • Is de titel wol langer as ien wurd? Hâld de titel dan sa koart as mooglik.

Tekst
Alle artikelen begjinne mei in ynlieding:

  • Beskriuw yn de earste sin(nen) de essinsje fan it artikel en meitsje it ûnderwerp (dat faak net ôfwykt fan it artikel) fet. Dat dochst troch trije oanhellingstekens foar en nei it ûnderwerp te skriuwen.
  • Pas de ynlieding oan de lingte fan it artikel oan. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.

Nei de ynlieding komt de kearn fan it artikel:

  • De ferskillende dielmêden binnen in artikel wurde mei saneamde 'subtitels' fan elkoar skieden.
  • Struktearje de ynformaasje neffens ensyklopedyske konvinsjes. Sjoch ek nei besteande artikelen en wurkje foar safier't it kin yn 'e geast fan lykfoarmigens. De measte biografyske of geografyske artikelen hawwe faak in lyksoartige opbou.

Ferriking
Lykas yn papieren ensyklopedyen kinne artikelen op Wikipedia ferdúdlike wurde mei:

  • Fideo's of foto's fan Wikimedia Commons
  • Bytiden binne tabellen oersichtliker as in lange tekst mei opsommingen.
  • Ynformaasjeboksen (ôfkoarte: ynfoboksen) jouwe yn ien oersicht de wichtichste ynformaasje oer bygelyks in persoan, sportteam, lân of stêd.
  • Meitsje ynterne ferwizingen nei oare artikelen. Sa kin de lêzer maklik trochklikke om in nij artikel te iepenjen.

Ein
Oan 'e ein fan in artikel kin men rekken hâlde mei:

  • Foegje by skriuwers en muzikanten in bibliografy ta.
  • Is der mear literatuer oer it ûnderwerp te finen? Skriuw dan fuort nei de kearn fan it artikel blok mei literatuer.
  • It is winsklik om boarnen te brûken. Bygelyks by ynwennertallen, sitaten of parafrasen is it altyd fan belang om de boarne fan dy ynformaasje oan te jaan. Underoan it artikel wurde de boarnen yn ien oersicht neamd.
  • Ynternetferwizingen steane ûnder de subtitel Keppeling om utens. Dêrûnder steane ek ferwizingen nei oare Wikidia projekten.
  • Hielendal ûnderoan it artikel jout de skriuwer ien of mear kategoryen oan. Kategoryen jouwe struktuer oan de Wikipedia en sa kin ynformaasje maklik weromfûn wurde.

Skriuwtips

[boarne bewurkje]

Skriuwdoel en doelgroep
In meiwurker fan Wikipedia hoecht net nei te tinken oer it skriuwdoel en de doelgroep. Wikipedia jout ensyklopedyske ynformaasje en dy moat foar elkenien tagonklik wêze. Der is gjin minimumleeftyd, mar wy geane der wol fanút dat de lytsere bern gjin doelgroep binne.

Tarieding
In logyske opbou en gearhingjende tekstblokken (alinea's) meitsje in tekst lêsber. In tekstplan mei dêryn in oersicht fan alle dielmêden (subtitels) en in koarte beskriuwing fan de alinea's kin helpe.

Aktive en passive sinnen
Ensyklopedyske teksten wurde faak yn 'e doetiid skreaun. Dêrom wurdt de skriuwer faak twongen om passive sinnen te brûken. Lykwols kin de doetiid ek mei aktive sinnen beskreaun wurde. Aktive sinnen binne meastal de helte dúdliker as passive sinnen (sjoch foarbyld hjirûnder).

Aktive sin Passive sin
Myn kollega hat al it wurk dien. Al it wurk is troch myn kollega dien.
De Ynterfryske Ried organisearre it kongres yn 1937. It kongres waard yn 1937 troch de Ynterfryske Ried organisearre.

Ta de kearn
In sin kin dreech wurde as:

  1. De skriuwer net ta de kearn komme kin.
  2. De kearn fan de meidieling hielendal achteroan stiet.
Dúdlike kearn Mei omballingen
Einum hat 25.000 ynwenners (2024) op 34 km². Yn 2024 wennen der 25.000 minsken yn Einum dy't op in oerflakte fan 34 km² wennen.
Yn de ûndersteande tabel steane de histoaryske ynwennertallen fan de gemeente Ljouwert. De histoaryske ynwennertallen fan de gemeente Ljouwert steane yn de ûndersteande tabel.

Oerstallige wurden en teksten
Ensyklopedyske teksten jouwe gjin romte foar frije ynterpretaasje. De skriuwer moat to the point komme. Eigenskipswurden lykas 'heechweardich' en 'dynamysk' binne populêr, mar sizze meastal net safolle. Haadwurden as 'spanningsfjild' en 'feroaringsproses' sizze op himsels ek net folle.

Elkenien kin ynhâldsleaze gjalpen betinke én saakkundich oerkomme. De ûndersteande gjalpspuier kin foar dat doel brûkt wurde. Nim in wurd út kolom 1, plak dat oan in wurd út kolom 2 en plak dy wer oan in haadwurd út kolom 3. Ferjit net in -e ta te heakjen as dat nedich is.

Kolom 1 Kolom 2 Kolom 3
heechweardich relasjoneel ynformaasje
systematysk organisatoarysk spanningsfjild
normatyf burokratysk feroaringsproses
dynamysk neutraal notysje
struktureel solide fyzje
funksjoneel pragmatysk kommunikaasjedoel
multydisiplinêr technologysk ûntwikkeling

Pleonasmen
Pleonasmen as 'de wite snie' en 'it wiete wetter' sille de measte minsken noch wol opfalle. Yn Frysktalige teksten komme ek formulearringen foar dy't minder gau opfalle.

Pleonasme Korreksje
... in protte modellen. Sa binne der bygelyks ... ... in protte modellen, bygelyks ...
of
... in protte modellen. Sa binne der ...

Gearwurking

[boarne bewurkje]

In artikel dat jo foar de Wikipedy skriuwe, jouwe jo om samar te sizzen yn 'e hannen fan 'e hiele Wikipediamienskip. It is net langer jowes allinnich, mei't elk dermei dwaan kin sa't him goedtinkt. It wizigjen, oanfoljen, korrizjearjen en kopiearjen fan stikken is krekt wêr't de Wikipedy foar ornearre is. It is dêrom wichtich dat jo net al te bot oan jo eigen tekst hingje. It is oars net it doel dat oaren samar grutte stikken tekst fuorthelje of der apekoal foar yn 't plak sette. It is wizânsje om by grutte wizigingen earst mei de oare auteurs oer te lizzen op de oerlisside. Wizigingen kinne oars altyd maklik wer fuorthelle wurde.

Hoe't in artikel stal kriget, beskiedt ta in hichte hoe't oaren dermei omgeane; in goed formulearre, koart stik sil gauris oaren fertokje en skriuw in oanfolling, wylst in stik mei in soad ferwizingen nei oare artikels oaren stimulearje sil om dy artikels te skriuwen of út te wreidzjen. Guon Wikipedylju meie graach ferwizingen meitsje nei net-besteande artikels, dy't in oar dan skriuwe kin, oaren skriuwe sokke stikken sels of meitsje leafst oanfollingen. Elk syn meuch, wat dat oangiet.

Guon artikels lizze minsken sa nei oan 't hert dat se iensidich wurde of minder objektyf as moatte soe. Gearwurking yn oerlis is dan belangryk, wol de ynhâld der op 't lêst net ûnder lije.

Mandeguod (copyright)

[boarne bewurkje]

De teksten, printsjes ensfh. yn de Wikipedy en de oarstalige Wikipedia's binne mandeguod. Dat wol safolle sizze as dat elkenien de ynformaasje foar alles brûke mei en him feroarje mei sa't him goedtinkt (sjoch GNU/FDL). Sadwaande mei men gjin saken yn 'e Wikipedy opnimme dy't ûnder in foarm fan auteursrjocht falle. Stikken dy't jo foar in oar doel skreaun ha, kinne gauris hiel nijsgjirrich foar de Wikipedy wêze. Wolle jo jo lykwols op jo auteursrjochten beroppe, dan moatte jo jo stik net yn 'e Wikipedy pleatse!

Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit. Dêr kinne jo sûnder beswier út helje wat jo brek binne. Sjoch mar ris op Help:Gebruik van openbare bronnen (Wikipedia NL).


In nije side meitsje -- Ienfâldich begjinne -- Koart oersjoch -- Helpmiddels -- Dochs wat regels -- Keppelings om utens