Springe nei ynhâld

Wikipedy:Ferfryskjen

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Dit binne de rjochtlinen dy't op 'e Wikipedy oanholden wurde foar it ferfryskjen fan nammen.

  • Nammen fan persoanen:
    • Nammen fan moderne persoanen wurde skreaun neffens de offisjele stavering. Dus we skriuwe "Roorda" (en net "Roarda") en "Dijkstra" (en net "Dykstra"), of it moat fansels wêze dat de Fryske stavering de offisjele is.
    • By âldere nammen út Fryslân en oare Fryske gebieten wurdt ferfrysking wol tapast, bgl. "Janko Douwama" (en net "Jancko Douwama") en "Doeke fan Martena" (en net "Doeke van Martena"). De skiedsline dy't hjirfoar oanholden wurdt, is de ynfiering fan formele efternammen yn Nederlân yn 1811.
    • Nammen fan keningen, keizers, pausen, oare hearskers en (soms) eallju wurde histoarysk ferfryske as der in Fryske wjergader fan 'e namme bestiet. Dus "Hindrik VIII" (en net "Henry VIII") en "Benediktus XVI" (en net "Benedictus XVI"). As der gjin Fryske wjergader bestiet, kin der yn beskate gefallen foar keazen wurde om 'e stavering te ferfryskjen, mar oer it algemien is it better om 'e namme dan yn 'e oarspronklike taal stean te litten.
    • Latynske nammen út 'e Aldheid wurde oer it algemien ferfryske. Dus "Falentinianus" (en net "Valentinianus"), "Maksimus" (en net "Maximus") en "Teodoasius" (en net "Theodosius").
  • Merknammen en nammen fan bedriuwen bliuwe stean yn de offisjele stavering.
  • Nammen fan plakken:
    • Plaknammen yn Fryslân wurde skreaun yn it Frysk.
    • Foar (guon) plaknammen yn Fryske gebieten bûten Fryslân (Sealterlân, Noard-Fryslân) jildt dat se út solidariteit mei de oare Fryske talen yn it Sealtersk, resp. Noardfrysk skreaun wurde kinne.
    • Oare plaknammen bûten Fryslân bliuwe stean yn 'e stavering fan 'e offisjele taal yn it lân dêr't se lizze, of it moat wêze dat der in ferfryske nammefoarm bestiet dy't ek bûten de Wikipedy brûkt wurdt (bgl. Grins, Lelystêd, Arnhim, Berlyn, Moskou, Parys, Jeruzalim). Dêr hat yn 2019 wiidweidich diskusje oer west, mei as resultaat dat alle ferfryske plaknammen bûten Fryslân foar neislach fêstlein binne yn dizze list. As der reden ta is, kinne dêr noch nije ferfryske plaknammen oan tafoege wurde.
  • Nammen fan gemeenten, provinsjes, dielsteaten, lânstreken, eilannen, skiereilannen, berchtmen ensfh. kinne faak yn 'e oarspronklike taal stean bliuwe, mar it kin ek wêze dat der oanlieding is ta ferfrysking. Bygelyks: de nije gemeente Voorne aan Zee wurdt skreaun as Foarne oan See om't it nammediel Voorne ferwiist nei it histoarysk eilân Foarne, dat al in Fyske namme hie. Faak is fan ferfrysking ek ferlet om't de namme fan in gebiet yn it Frysk grammatikaal ferbûgd wurde kinne moat, bgl. "Toskane-Toskaansk-Toskaner". It is riedsum om 'e needsaak ta ferfrysking by gebieten per gefal te besjen.