Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
stavering moat hifke
Rigel 1: Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sophia]].]]
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sophia]].]]
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't it fan "Kristus" ôflaat is, en wie in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" wie ôflaat fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut en besibbe is oan it út it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]'' is. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû''), dat "[[JHWH]]" betsjut.<br/>
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't it fan "Kristus" ôflaat is, en wie in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" wie ôflaat fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut en besibbe is oan it út it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]'' is. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû''), dat "[[JHWH]]" betsjut.<br/>

De ferzje fan 28 jan 2019 om 18.24

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Jezus Kristus ôfbylding yn de Hagia Sophia.

Jezus fan Nazaret, yn it algemien bekend as Jezus Kristus wie de sintrale persoan yn it Kristendom, dêr't it fan "Kristus" ôflaat is, en wie in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" wie ôflaat fan it Grykske Χριστός (Christós), dat "salvling" betsjut en besibbe is oan it út it Hebriuwsk ôflate Messias is. De namme "Jezus" komt fan it Grykske Ίησους (Iesoûs), dat in hellenisearring fan it Hebriuwsk-Arameeske ישוע (Jesjûa of Jesjû), dat "JHWH" betsjut.
As der in histoaryske Jezus bestien hat, ferskille de mienings fan skiedkundigen. Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de Ferlosser en part fan de Godlike Trije-ienheid; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it Alde Testamint fan de Bibel foarsein en dat er út de dea wei wer opstien hat.
Jezus sels hat gjin skreaun wurk efterlitten en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer kanonike evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes en in tal apokrive boeken.
Yn de Islaam wurdt Jezus (Isa) as ien fan God syn leafste en wichtichste profeten beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net lyk as kristenen yn it krusigjen en it godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

Libbensrin fan Jezus neffens de Bibel

It Alter fan Isenheim mei bylden út it ibben fan Jezus troch Matthias Grünewald (1512-1516)

Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy' part fan de Nije Testamint fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar ien of twa fan de evangeeljes foar.
De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it krusigjen en opstean. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan Jehannes de Doper (it prolooch fan de evangeelje fan Jehannes).

Berte fan Jezus

Skilderij fan de Oanbidding fan de Hoeders fan de Nederlânske skilder Matthias Stom (± 1635)
De Wikipedy hat ek in side Berte fan Jezus.

Neffens it evangeelje fan Lukas wennen Joazef en Marije yn Nazaret yn de streek Galiléa yn it noarden fan Israël, mar waard Jezus berne yn Betlehem (de stêd fan David), om't der om dy tiid hinne in Romeinske folkstelling holden waard. Eltse ynwenner fan it gebiet dêr't Herodus de Grutte (37 f.Kr. - 4 f.Kr.), de Romeinske fazalkening, hearske, moast himsels ynskriuwe litte yn de oarspronklike bertestêd fan de foarfaers. Joazef, de oansteande fan Marije, wie fan oarsprong fan Judea dêr't kening David de foarfaer fan wie. Hy kaam oarspronklik út Betlehem, dêrom moast er mei Marije, dy't fierhinne swier wie, nei Betlehem reizgje en registrearje him. Hja besochten in sliepplak te finen, mar alle herbergen wiene fol. Einlings waard Jezus berne yn in romte dêr't in foerbak, in krêbe, stie, dat neffens in soad oersettings in feestâl wêze moatten hie. Joazef en Marije krigen dêrnei besite fan pleatslike hoeders, dy't troch in mannichte ingels oer de berte fan de Messias op de hichte steld waarden. Neffems it evangeelje fan Mattéus krigen hja besite fan wizen út it Easten, gelearden, dy't in reis fan fierwei makke hiene, troch in nij ûntdutsen stjêr de berte fan in kening fêst te stellen. It tal wizen wurdt yn de Bibel net neamd. Herodus I de Grutte wie de kening fan de fazalsteat Judea fan it Romeinske Ryk. De wizen kamen earst by him op besite, om't hja begrepen hiene oan de stân fan de stjêr dat dat der in kening berne wie. Herodus ûntbea doe in tal skriftgelearden om sekuer nei te gean wêr't it plak wêze koe. Hja koene op grûn fan in tekst yn it boek Micha fan it Alde Testamint oan de kening tsjutte dat it Betlehem wie.
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de Bernemoard yn Betlehem. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him nei op tiid nei Egypte flechten wiene, nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn de plak Nazaret.