Flecht nei Egypte
De Flecht nei Egypte fan de Hillige Famylje wurdt beskreaun yn it evangeelje fan Mattéus (Mattéus 2:13). Apokrive skriften, lykas it pseudo-Mattéusevangeelje en it Arabyske Berne-evangeelje, meitsje gewach fan wûnderen fan de noch lytse Jezus op 'e flecht nei Egypte.
Ek de Legenda aurea, ien fan de wichtige boarnen foar de midsieuwske religieuze keunst yn Jeropa, ynformearret oer de flecht nei Egypte en de wûnders dy't doe barden.
De Flecht nei Egypte is ek ien fan de sân smerten fan Marije, dy't yn de katolike liturgyske kalinder op 15 septimber betocht wurde. Neffens oerlevere martlerboeken waard it weromkommen út Egypte op it lêst sûnt de 9e ieuw op 7 jannewaris betocht.
Evangeelje fan Mattéus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de wizen út it easten wer op reis nei hûs gyngen, ferskynde yn in dream in ingel oan Joazef. Dy joech Joazef de opdracht om tegearre mei Marije en Jezus út Betlehem nei Egypte te flechtsjen, om't kening Herodes de lytse Jezus deadzje woe. De flecht slagge en wylst Herodes yn Betlehem alle jonkjes ûnder de twa jier ombringe liet, wist de famylje op 'e tiid út te piken nei it feilige Egypte. Nei de dea fan Herodes kaam de ingel op 'e nij by Joazef om him te hjitten werom te gean. Joazef doarde net werom te gean om't Archelaüs, de soan fan Herodes, it bestjoer oer Juda oernommen hie. In godlike oanwizing brocht de Hillige Famylje doe nei Nazaret yn Galiléa.
De evangelist brocht it weromkommen fan Jezus yn ferbân mei de úttocht fan it folk fan Israel út Egypte: Wat de Heare troch de profeet sein hie, moast ommers útkomme: Ut Egypte haw ik myn soan roppen (Mattéus 2:15). Dêrmei wurdt ferwiisd nei in fers yn it boek Hoséa: Doe't Israel noch in bern wie, haw ik him leaf krige en haw Ik myn soan út Egypte roppen (Hoséa 11:1). Oarspronklik wurdt dus mei God's soan it folk Israel ornearre.
Net-bibelske boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It koarte ferhaal fan Mattéus waard letter oanfolle mei tal fan leginden oer de reis fan de Hillige Famylje nei Egypte. Ek it apokrive pseude-Mattéusevangeelje en it Arabyske Berne-evangeelje ferhelje oer de flecht nei Egypte en beskriuwe tal fan wûnders dy't dan plakfine. Wylde bisten foelen earbiedich foar Jezus del en in palmbeam bûge om syn fruchten oan te bieden. Nei't de palmbeam him wer oprjochte, ûntstie der samar ynienen in wetterboarne. Op guon plakken dy't de Hillige Famylje oandiene stoartten de ôfgodsbylden del, lykas yn de omkriten fan Hermopolis dêr't de 365 bylden fan de timpel op it kapitoal omfoelen doe't Marije mei it Bern de timpel binnen gong. Sawol it folk as de preester fan de stêd bekearde harren nei dat teken. Doe't de famylje in sikehûs besocht dat oan de heechste Egyptyske god wijd wie, begûn de ierde de skodzen en de god ferkundige dat dat barde om't no de wiere God oankaam, ûnder wa't elkenien him deljaan moast. Dêrnei stoartte it sprekkende byld ta brokstikken yn. Yn Lykopolis waard de famylje troch twa rôvers oerfallen, dy't letter tegearre mei Jezus krusige wurde soene.
In soad Kopten miene te witten hoe't de reis fan de famylje troch Egypte gie. Tsjintwurdich tsjûgje noch grut tal tsjerken, kleasters en boarnen fan de plakken dêr't Joazef, Marije en Jezus west hawwe soene.
De dominikaan Jacobus de Voragine sammele en beskreau yn de 13e iuw besteande en somtiden tige âlde Latynske leginden yn it wurk Legenda Aurea (gouden leginden) oer hilligen en tsjerklike feesten. Oer de Flecht nei Egypte skreau De Voragine dat yn Hermopolis in hielkrêftige beam mei de namme Persidis him foar de Heare bûge. Boppedat leine der yn alle Egyptyske timpels stikkene ôfgodsbylden.
-
Jezus hjit de beam te bûgjen (út it evangeeljewurk fan Klosterneuburg, Eastenryk, likernôch 1340)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Flucht nach Ägypten
|