Hillige Famylje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In foarstelling fan de Hillige Kuier oan in fakwurkhûs yn it Baden-Wuertemberchske Ettenheim

Mei de Hillige Famylje wurdt yn it Kristendom Jezus fan Nazaret, syn mem Marije en syn styfheit Joazef bedoeld.

Foarstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn foarstellings fan it krystferhaal (Berte fan Jezus, oanbidding fan de hoeders, de oanbidding fan de Wizen út it Easten, Flecht nei Egypte), sa't dy yn de byldzjende keunst fan it Jûntydslân of yn kryststallen foarkomme, binne hast ek altiten foarstellings fan de Hillige Famylje oanwêzich. Yn de ikonografy wurdt ûnder de Hillige Famylje yn it generaal in foarstelling ferstien fan de famylje nei it krystbarren.

Hillige Famylje mei ingel (Polidoro da Lanciano)

It motyf fan de Hillige Famylje yn in húslike setting, fakentiden mei it timmermansbedriuw of in spinwiele, wurdt ek wol as it "Hûs fan Nazaret" omskreaun.

Yn de katolike tsjinreformaasje ûnstie yn de iere 17e iuw in foarstelling fan in kuierjende Hillige Famylje (de "Hillige Kuier"), mei it boike Jezus tusken Marije en Joazef yn, fakentiden troch de âlden oan de hân holden. De foarstelling symbolisearret it trêdzjen op de libbenswei en hie ta doel om de kristlike wize fan libjen te befoarderjen.

Faak binne tegearre mei de Hillige Famylje ek de Marije's mem Anna, Marije's nicht Elisabet en har soan Jehannes de Doper ôf- en útbylde. Yn it begjin fan de 15e iuw komt de Hillige Sibbe as byldmotyf op.

De Hillige Famylje yn de liturgy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferearing fan de Hillige Famylje yn de katolike tradysje is fan lettere tiid. Yn de 17e iuw is der in oplibbing, mar yn de 19e iuw nimt de ferearing bot ta troch û.o. de stifting fan de Bruorskip fan de Hillige Famylje yn Luik yn 1844. Ek paus Leo XIII die in soad war om de ferearing te befoarderjen. Yn 1893 fierde de paus it oant dan yn inkelde bisdommen betochte feest yn foar de hiele katolike tsjerke. As feestdei waard de tredde snein nei epifany oanwiisd. Nei't paus Pius X it feest wer ôfskafte, waard it ûnder it pontifikaat fan paus Benedictus XV yn 1921 op 'e nij ynfierd op de earste snein nei epifany.

Sûnt de ligurgyske fernijings yn 1969 wurdt it feest fan de Hillige Famylje op de snein yn it Krystoktaaf fierd. Yn tsjerken wurdt dan foarlêzen oer de Flecht nei Egypte (lêsjier A, Mattéus 2:13-15) of de Presintaasje fan Jezus yn de Timpel (lêsjier B, Lukas 2:22-37) of de Jonge Jezus yn de Timpel (lêsjier C, Lukas 2:41-51). As der gjin snein tusken Kryst en Nijjiersdei falt, wurdt it feest fan de Hillige Famylje op 30 desimber hâlden. Falt de snein op 26 desimber, dan wykt it feest fan de hillige Stefanus. Falt de snein op 28 desimber, dan wykt it feest fan de ûnskuldige bern.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Heilige Familie