Elisabet (bibelsk persoan)
Elisabet (Hebriuwsk: אלישבע) is yn it Nije Testamint de mem fan Jehannes de Doper en in nicht fan de Hillige Jongfaam Marije. Binnen it katolike en otterdokske kristendom en guon protestanske denominaasjes wurdt hja as hillige fereare.
Elisabet stamme neffens it evangeelje fan Lukas út it geslacht fan Aäron. Hja wie troud mei de pryster Sacharías. It houlik bleau foar lange tiid sûnder bern om't Elisabet ûnfruchtber wie. Doe't it pear al op jierren wie ferskynde oan Sacharías de ingel Gabriël om him de berte fan in soan oan te sizzen, dy't er de namme fan Jehannes jaan moast. Fan dat momint ôf koe Sacharías neat mear sizze, mar Elisabet waard yndied swier.
Yn de sechste moanne fan Elisabet's swierens waard ek har nicht Marije oansein dat hja in soan krije soe. Hja krige fan de ingel te hearren dat hja him Jezus neame moast en dat har nicht Elisabet al mear as fiif moanne hinne wie. Marije gyng dêrnei by har nicht op besite en bleau dêr oant de befalling fan Elisabet. Doe't Marije Elisabet groete, sprong it jonkje yn har skurte op fan blidens. Elisabet sei doe tsjin Marije: "Segene is de frucht fan jo skurte. Wêr haw ik it oan fertsjinne dat de mem fan myn Hear by my komt? Want wier, doe't jo groet my yn de earen klonk sprong it bern yn myn skurte fan blidens op. Lokkich de frou dy't fertrout, dat útkomme sil, wat har fanwegen de Hear sein is."
Doe't Elisabet befoel en har soan op de achtste dei besnien wurde soe, woe Elisabet's folk it jonkje nei syn heit ferneame. Elisabet wie it dêr net mei iens en sei dat it jonkje de namme Jehannes drage moast. Om't dy namme fierder net yn de famylje foarkaam, gyng har folk nei Elisabet's man ta, om him te freegje wat de namme wurd|e moast. Nei't Sacharías opskreau dat de namme Jehannes wêze moast, krige hy op slach syn stim werom.[1]
Feestdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Armeensk: 9 april
- Kopytsk: 10 febrewaris
- Roomsk-katolyk: 23 septimber
- Otterdoksk: 24 juny, 5 septimber
- Protestanske tsjerken: 5 novimber[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid
- Persoan yn it Nije Testamint
- Hebriuwsk hillige
- Roomsk-katolyk hillige
- Anglikaansk hillige
- Eastersk-otterdoks hillige
- Eastersk-katolyk hillige
- Koptysk-otterdoks hillige
- Syrysk-otterdoks hillige
- Armeensk-otterdoks hillige
- Nestoriaansk hillige
- Persoan berne yn de 1e iuw f.Kr.
- Persoan stoarn yn de 1e iuw f.Kr.