Ferskil tusken ferzjes fan "Renêssânse"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
[[Ofbyld:Santa Maria del Fiore.jpg|thumb|right|250px|De katedraal [[Santa Maria del Fiore]] yn [[Florence]]. Florence wie it spiritueel sintrum fan de Renêssânse]]
De '''Renêssânse''' (letterlik ''werberte'') wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de ''werberte'' fan de ferwurvenheden fan de [[Klassike Aldheid]]. De Renêssânse begûn yn [[Itaalje]] yn de 13e of 14e ieuiuw en fersprate him yn de folgjende ieuweniuwen oer de rest fan Jeropa. De term wurdt yn algemiene sin ek brûkt foar oare perioaden fan kultureel weroplibjen yn de skiednis, lykas de [[Karolingyske Renêssânse]].
 
== Untstean fan de Renêssânse yn Itaalje ==
Yn [[1860]] kaam it wichtige "Die Kultur der Renaissance in Italien" fan de [[keunsthistoarikus]] [[Jacob Burckhardt]] út. Burckhardt definiearret de Renêssânse as ''in nea-sjoene weroplibbing en bloei yn de fyftjinde en sechstjinde ieuiuw yn Itaalje fan de keunsten en wittenskippen, wêrby't it wrâldske en realistyske aard fan dy keunsten en it tanimmend yndividualisme sjen litte dat de [[MidsieuwenMidsiuwen]] oer binne en de Moderne Tiid kommen is''.
 
Yn [[Itaalje]] kamen wichtige stêden ta stân. Troch politike misledigings rjochten hja har op in idealisearre ferline, dêr't it klassike [[Romeinske Ryk|Rome]] de wrâld behearske yn in tiid dat adel en geastlikheid noch net bestiene. Op dy wize kaam it ta it fannijs ûntdekken fan de klassike beskaving: rjocht, dichtkeunst en arsjitektuer. De [[keizer]] hie al net in soad macht en de paus sette ôf nei [[Avignon]]. De stêden beskôgen harsels as selsstannich. Ekonomyske fleur joech de boppelaach fan de befolking de mooglikheid fan it libben te genietsjen.
Nei de fal fan [[Konstantinopel]], in útkomst fan de 4e [[krústocht]], is der in artistike ynjeksje fan East nei West, trochdat der in kultuerferskowing plak fynt. Men kin sizze dat dêr it iere begjin fan de Renêssânse leit.
 
Meast wurdt de keunstner [[Giotto di Bondone]] (1266/7-1337) út Florence as it begjin fan de Renêssânse sjoen. Giotto makke fresko's dy't in yllúzje toanden dy't al ieuweniuwen net mear makke wie, de yllúzje fan de romte op in plat oerflak. As wy nei ien fan syn fresko's yn de Cappella degli Scrovegni yn Padua (Noard-Itaalje) sjogge, ''fides'' makke om [[1306]] hinne, dan liket it krekt as sjogge wy nei in byldhouwurk, in Goatysk byldhouwurk. Dy yllúzje waard ûnder oare fuortsterke troch it tapaste ''[[ferkoarte]]'' yn de earm en de modellearring fan it antlit en it gewaad.
 
Giotto paste net samar in beskate technyk ta. It wie syn doel om in hiel nije en eigen foarstelling te skilderjen, lykas hy foar eagen hie hoe't it bard wêze moast. Hy trochbriek de tradysje fan oernimmen, fan skilderjen as Bibel foar de ûnbelêzen lju.
 
=== Arsjitektuer ===
De gebouwen fan de ieuweniuwen dy't west hiene moasten ferdwine: [[Konstantijn]] syn haadtsjerke boppe [[Petrus]] syn grêf moatst plak meitsje foar in nije tsjerke. It weroplibjen fan de âldheid springt benammen yn de arsjitektuer yn it each. Se bestudearren de ferhanneling fan de Romein Vitruvius en namen de mjitte fan antike gebouwen om har de 'taal' fan dy arsjitektuer eigen te meitsjen (mei foarmen lykas [[Frontons]], aailisten, [[Dorysk]]e, [[Ionysk]]e, [[Korintyske]]e pylders; mei de 'grammatika', de regels fan it byinoar foegjen fan de ûnderdielen). Italjaanske arsjitekten wiene ûnder oare [[Filippo Brunelleschi]], [[Palladio]] en [[Donato Bramante]].
 
Ek yn oare lannen is de Renêssânse-arsjitektuer werom te sjen yn in soad Frânske kastielen yn de Loiredelte. It bekendste Renêssânse-kastiel yn [[Frankryk]] is it kastiel fan Fontainebleau.
De Renêssânse seach him as in werberte fan de kultuer fan de antiken. [[Giorgio Vasari]] (1511-1574) sjocht sûnt de tiid fan de 'barbaren' in opgong fan de moderne styl yn trije etappes, dêr't er minachtsjend by ferwiist nei de Grykske (Byzantynske) en nei de Dútske [[Goatyske]] styl.
 
De Renêssânse liket gauris foaral in brek mei de midsieuskemidsiuwske tradysje dy't legitimearre wurdt troch te suggerearjen dat se tebek geane nei in noch âlder tradysje, dy fan de âldheid. De midsieuskersmidsiuwskers wurdt ferwiten dat krekt sy mei de tradysje brutsen ha. Dêrmei kin de Renêssânse as [[histoarisearjende foarmjouwing]] sjoen wurde.
 
It entûsjasme foar de antike kultuer bliuwt ien fan de wichtichste skaaimerken fan de Renêssânse. Dy feroaring hat dan foaral politike fasetten: in bewûndering foar de polityk fan it âlde Rome groeit út ta in 'neidwaan' fan dy kultuer.
Fóár de Renêssânse wie de wittenskip sa goed as hielendal basearre op in relatyf lyts tal tradisjonele boeken en skriuwers. Dat wie yn it foarste plak fansels de [[bibel]], mar dêrneist ek in tal Grykske en Romeinske skriuwers lykas [[Plato]], [[Aristoteles]] en [[Galenus]]. It wurk fan dy wittenskippers wie it jaan fan kommentaren op dy boeken en it tapassen fan dy wurken op aktuele situaasjes.
 
De humanisten wiene de earste groep dy't har tsjin dat strakke [[korpus]] fersetten. Se brieken net mei de tradysje fan it jin basearjen op klassike wurken, mar stelden dat der op beskate punten flaters yn de oersetting út it Gryksk wei (of foar it [[Alde Testamint]] út it HebrieuskHebriuwsk wei) nei it Latyn sieten. Om dat foar te kommen, moasten boarnen sa ticht mooglik by it orizjinele wurk rieplachte wurde. Lettere tafoegings en útlizzerij wiene lang sa wichtich net. Dêrneist woene de humanisten ek mear skriuwers en learde lju oan it standertwurk tafoegje.
 
Mar dêr hold de fernijing yn de wittenskip net op. [[Andreas Vesalius]] snie sels yn liken foar ûndersyk fan de [[anatomy]] en kaam ta de konklúzje dat [[Galenus]] op beskate punten mis west hie. [[Nicolaus Copernicus|Copernicus]] yntrodusearre it [[Heliosintrisme|heliosintrysk wrâldbyld]]. [[Galileo Galilei|Galilei]] brûkte de [[teleskoop (optika)|teleskoop]] om mear oer de himel oan de weet te kommen. [[Kartografy|Kartograven]] makken kaarten sekuerder as dy fan [[Ptolemaeus]], en lieten it yn de âldheid ûnbekende [[wrâlddiel]] Amearika sjen.
 
Stadichoan kaam it besef dat de lju de kennis út de Aldheid dêr't se sa mei bewûndering by opsjoen hiene oan it ynheljen wiene. Dat stimulearre it selsbetrouwen en de selsbewustens fan de ûndersikers fiks en se begûnen entûsjast hieltyd faker de sa as foarfêst leaude 'wierheden' fan de autoriteiten út de antike kultuer yn twifel te lûken en op wierheid nei te gean. En sa groeide ein [[16e ieuiuw]], begjin [[17e ieuiuw]] it besef by de wittenskippers dat net kontemplaasje op de histoaryske grutheden fan it fakgebiet, mar eigen observaasje en ekspearimint de kaai wiene ta kennis. De [[moderne wittenskip]] wie berne.
 
== Renêssânse en reformaasje ==
Tusken Renêssânse en [[reformaasje]] siet in ferbân: deselde krityske hâlding foar de betinklike tastannen yn de tsjerke oer, en itselde omtinken foar de boarnen fan de bibel. Al foar de Renêssânse wiene der by no en by dan kritisy fan de libbensstyl fan in soad prelaten fan de tsjerke. Mar doe waarden dy net bot heard of wie it sels libbensgefaarlik om soks al te lûd te ferkundigjen.
Yn de rin fan de 13e-15e ieuiuw kamen der lykwols hieltyd mear fan dy dissidinten en se krigen ek hieltyd mear in harkjend ear fan opkommende nije yntellektuelen. Dy gongen werom nei de boarnen fan it [[evangeelje]] en seagen dat dochs in soad fan de deistige tsjerklike praktyk net strookte mei de foarskriften en libbenswize dy't yn de evangeeljes en brieven fan de apostels beskreaun stiene. Doe koe in grutte konklúzje net lang mear útbliuwe. De reformaasje soe begjinne.
 
== Keppelings om utens ==
[[Kategory:Skiednis fan Jeropa]]
[[Kategory:Kultuer]]
[[Kategory:15e ieuiuw]]
[[Kategory:16e ieuiuw]]
 
[[el:Αναγεννησιακή τέχνη]]
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu