Springe nei ynhâld

Roc Books: ferskil tusken ferzjes

2 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
korr
L (red)
L (korr)
 
==Skiednis==
Roc Books waard oprjochte yn [[april]] [[1990]], nei't ''Penguin''-foarsitter [[Peter Mayer]] opdracht jûn hie oan [[John Silbersack]], in [[redakteur|haadredakteur]] by de New American Library, om in nije ymprint te begjinnen dy't mear oandacht lûke soe foar de oanwêzigens fan 'e útjouwerij op 'e science fiction- en fantasymerk. De namme, dy't referearret oan 'e [[rok (mytyske fûgel)|rok]], de reuseftige [[myte|mytyske]] [[rôffûgel]] fan it [[Arabysk Skiereilân]], waard keazen fanwegen it feit dat Penguin al ferskate ymprints mei [[fûgel]]nammen hie, lykas [[Penguin Books|Penguin]] ("[[pinguins|pinguin]]"), [[Puffin Books|Puffin]] ("[[seepappegaai]]"), [[Pelican Books|Pelican]] ("[[pillekaan]]") ensfh.
 
Nei't Penguin de Amerikaanske útjouwerij [[G.P. Putnam's Sons]] oernommen hie, waard Roc Books lykstrekich opset mei de Putnam-ymprint [[Ace Books]], dêr't boeken fan deselde sjenres ûnder útjûn wurde. It tiim [[redakteur|redakteurs]] en [[útjouwer|útjouwers]] dat de publikaasjes ûnder de Ace-ymprint fersoarget, is itselde dat dat ek docht foar Roc, hoewol't de beide ymprints fierders folslein selsstannich bleaun binne.<ref>[http://www.sfcanada.ca/winter2005/johnmorganinterview.htm Amberstone, Celu, ''An Interview with Editor John Morgan'', 2005.]</ref>