Dennis L. McKiernan

Ut Wikipedy
Dennis L. McKiernan
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dennis Lester McKiernan
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 april 1932
berteplak Moberly (Missoury)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, SF, horror, mearkes
bekendste
  wurk(en)
Mithgar-rige
útjouwer Doubleday
Roc Books
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
members.cox.net/dlmck

Dennis L. McKiernan (folút: Dennis Lester McKiernan; Moberly (Missoury), 4 april 1932), is in Amerikaansk skriuwer fan fantasyliteratuer. Hy begûn syn skriuwkarriêre oarspronklik út ferfeling en kreëarre yn 'e Mithgar-rige, syn bekendste wurk, troch omstannichheden in wrâld dy't tige liket op dy it Midierde út The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. Dêrom is McKiernan der wol fan beskuldige dat er allinnich Tolkien mar wat neibearde. Yn syn lettere boeken gied er mei de searje lykwols in hiele oare kant út as dat Tolkien ea keazen hie. McKiernan wennet yn Tucson, yn Arizona.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McKiernan waard yn 1932 berne yn Moberly, yn 'e steat Missoury, dêr't er oan syn achttjinde wenjen bleau. Neitiid tsjinne er fjouwer jier by de Amerikaanske Loftmacht, en hoewol't syn tsjinsttiid ûnder de Koreaanske Oarloch foel, waard er nea oersee stjoerd, en brocht er de folsleine fjouwer jier troch yn 'e kontinintale Feriene Steaten. Nei't er ôfswaaid wie, studearre McKiernan oan 'e Universiteit fan Missoury, yn Columbia, dêr't er yn 1958 in bachelorstitel yn elektrotechnyk behelle, dy't er yn 1964 oan 'e Duke Universiteit yn Durham, yn Noard-Karolina, omsette yn 'e masterstitel. Fan 1958 oant 1989 wurke er as technikus by it Amerikaanske telekombedriuw AT&T, yn 't earstoan by de ôfdieling Western Electric, mar letter by de Bell Laboratories. Mei 57 jier gied er yn 1989 mei pinsjoen, sadat er him foltiids oan it skriuwen wije koe.

Yn 1977, doe't er út te riden wie op syn motor, waard McKiernan oanriden troch in auto dy't op 'e ferkearde weihelte ried. Neitiid wied er moannenlang oan bêd bûn, earst yn in rekferbân en letter yn it gips. Wylst er stadichoan opbettere, begûn er út klearebare ferfeling in ferfolch te skriuwen op Tolkien syn The Lord of the Rings. Hy fûn in útjouwerij, Doubleday, dy't wol belangstelling foar it boek hie, mar doe't dy om tastimming foar de publikaasje fersocht by de erven Tolkien, waard dy ôfstegere. Dêrop frege Doubleday McKiernan om syn ferhaal op 'e nij te skriuwen, mei justjes oare personaazjes (de hobbits waarden bgl. healmlingen), yn in oare fiktive wrâld. Ek stie men der by him op oan om in prequel te skriuwen, mei't de orizjinele prequel (The Lord of the Rings) no ûntbriek.

Sa kaam de wrâld Mithgar ta wêzen, dêr't de rige nei neamd waard. De prequel krige de titel The Iron Tower, en liek, doe't er ienris skreaun wie, fanneden tige op The Lord of the Rings, om't it orizjinele boek, The Silver Call, ommers as ferfolch dêrop bedoeld wie. Doubleday ferdielde neitiid The Iron Tower oer trije boeken, sadat it in trilogy waard, wat de likenis mei The Lord of the Rings noch fergrutte. Guon kritisy beskuldigen McKiernan der dêrom wol fan dat er inkeld Tolkien syn wurk neibearde en dêrby by it rântsje fan it plagiaat lâns gie. Yn syn lettere boeken sette er mei de searje lykwols in hiele oare kant út as dat Tolkien ea kieze kinnen hie, om't de Mithgar-rige ek hiele oare eleminten omfiemet as The Lord of the Rings.

Wylst de Mithgar-rige ta it subsjenre fan 'e hege fantasy heart, hat McKiernan ek oar wurk skreaun, wêrûnder in pear science fiction-romans en teminsten ien horrorferhaal. Syn Faery-rige is wijd oan werfertellings fan guon mearkes dy't er as bern lies. Dêrby hat er ferskillende ferhalen ferfrissele ta ien plot.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fantasy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mithgar-rige
    • The Iron Tower-trilogy
      • 1984 – The Dark Tide
      • 1984 – Shadows of Doom
      • 1984 – The Darkest Day
        • 2000 – The Iron Tower (omnibusedysje fan The Iron Tower-trilogy)
    • The Silver Call-duology
      • 1986 – Trek to Kraggen-Cor
      • 1986 – The Brega Path
        • 2001 – The Silver Call (omnibusedysje fan The Silver Call-duology)
    • 1990 – Dragondoom
    • 1991 – Tales from the One-Eyed Crow (ferhalebondel; it koarte ferhaal The Vulgmaster is troch David Keller en Alex Niño adaptearre ta in grafyske roman)
    • 1992 – The Eye of the Hunter
    • 1993 – Voyage of the Fox Rider
    • 1994 – Tales of Mithgar (ferhalebondel)
    • 1996 – The Dragonstone
    • Hèl's Crucible-duology
      • 1997 – Into the Forge
      • 1998 – Into the Fire
    • 2000 – Silver Wolf, Black Falcon
    • 2004 – Red Slippers: More Tales of Mithgar (ferhalebondel)
    • 2008 – City of Jade
    • 2014 – Stolen Crown
  • Faery-rige
    • 2001 – Once Upon a Winter's Night
    • 2005 – Once Upon a Summer Day
    • 2006 – Once Upon an Autumn Eve
    • 2006 – Once Upon a Spring Morn
    • 2007 – Once Upon a Dreadful Time
  • los ferskynde boeken
    • 2012 – At the Edge of the Forest
    • 2013 – Strange Reflections (ferhalebondel)
    • 2014 – Jezebel
  • los ferskynde koarte ferhalen
    • 1990 – The Ornament (yn: The Magic of Christmas, û.red.f. John Silbersack en Christopher Schelling)
    • 1992 – Straw into Gold: Part II (mei Mark A. Kreighbaum, yn: Dragon Fantastic, û.red.f. Rosalind M. Greenberg, Martin H. Greenberg en Tad Williams)
    • 1992 – The Halfling House (yn: After the King, û.red.f. Martin H. Greenberg)
    • 1994 – The Source of It All (yn: Alien Pregnant by Elvis, û.red.f. Esther M. Friesner)
    • 1994 – Alas, Me Bleeding… (yn: Weird Tales from Shakespeare, û.red.f. Katharine Kerr and Martin H. Greenberg)
    • 1996 – The Sorcerer's Apprentice (yn: The Shimmering Door, û.red.f. Katharine Kerr)
    • 1997 – I Sing the Dark Riders (yn: Elf Fantastic, û.red.f. Martin H. Greenberg)
    • 1997 – The Lesser of… (yn: Highwaymen: Robbers & Rogues, û.red.f. Jennifer Roberson)
    • 1997 – In the Service of Mages (yn: Wizard Fantastic, û.red.f. Martin H. Greenberg)
    • 1997 – Of Tides and Time (yn: Wizard Fantastic, û.red.f. Martin H. Greenberg)
    • 1998 – The Divine Comedy (yn: Olympus, û.red.f. Martin H. Greenberg en Bruce D. Arthurs)
    • 1999 – Final Conquest (yn: Legends: Tales from the Eternal Archives #1, û.red.f. Margaret Weis)
    • 2000 – For the Life of Sheila Morgan (yn: Spell Fantastic, û.red.f. Martin H. Greenberg en Larry Segriff)
    • 2000 – Perfidy (yn: Treachery and Treason, û.red.f. Laura Anne Gilman and Jennifer Heddle)
    • 2004 – A Tower with No Doors (yn: Flights: Extreme Visions of Fantasy, û.red.f. Al Sarrantonio)

Science fiction[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Black Foxes-rige
    • 1995 – Shadowtrap (oarspronklik útjûn as Caverns of Socrates)
    • 2014 – Shadowprey

Horror[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999 – Darkness (yn: 999: New Stories of Horror and Suspense, û.red.f. Al Sarrantonio)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.