Diana Pharaoh Francis

Ut Wikipedy
Diana Pharaoh Francis
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Diana Pharaoh Francis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1967
berteplak Lincoln (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Path-trilogy
Crosspointe-rige
útjouwer Roc Books
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.dianapfrancis.com

Diana Pharaoh Francis (Lincoln (Kalifornje), ±1967) is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyromans. Hja is benammen bekend fan har Path-trilogy, wêrfan't it earste diel útkaam yn 2003.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Francis waard omtrint 1967 berne yn Lincoln, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se opgroeide op in feehâlderij. Mei seis jier learde se harsels om sûnder seal te hynsteriden, sadat se har heit-en-dy helpe koe om kij byinoar te driuwen. As se net op in hynder siet, wie Francis yn har jonkheid ek in fûleindich boekelêzer.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e Oakmont High School yn Roseville, studearre Francis oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Davis yn Davis, dêr't se in bachelortitel behelle yn kreätyf skriuwen. Dy sette se by in fierdere stúdzje oan 'e Steatsuniversiteit fan Iowa, yn Ames, om yn in mastergraad.

Neitiid behelle se in doktoraat yn 'e letterkunde oan 'e Ball Steatsuniversiteit yn Muncie (Indiana) mei in proefskrift oer froulike auteurs út it tiidrek foarôfgeande en ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1858-1865) en hoe't yn 'e literêre wurken fan dy skriuwsters froulju portrettearre waarden. Dêrby lei Francis in link nei de Britske postkoloniale teory oer hoe't men lânseigen befolkingen yn 'e koloanjes ûnder de tomme hâlde moast.

Diana Pharaoh Francis is troud, en wennet mei har gesin yn 'e steat Montana. Hja is heechleararesse literatuer en skriuwen oan 'e Universiteit fan Montana-West, yn Dillon.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Path-trilogy
    • 2003 – Path of Fate
    • 2004 – Path of Honor
    • 2006 – Path of Blood
  • Crosspointe-rige
    • 2007 – The Cipher
    • 2008 – The Black Ship
    • 2009 – The Turning Tide
    • 2010 – The Hollow Crown
  • Horngate Witches-rige
    • 2009 – Bitter Night
    • 2010 – Crimson Wind
    • 2011 – Shadow City
    • 2012 – Blood Winter
  • Diamond City Magic-trilogy
    • 2014 – Trace of Magic
    • 2015 – Edge of Dreams
    • 2016 – Whisper of Shadows
    • 2017 – Shades of Memory
    • 2022 – Scatter of Light
  • Mission: Magic-rige
    • 2016 – The Incubus Job
    • 2021 – The Elf Job
    • 2021 – The Pixie Job
  • Everyday Disasters-rige
    • 2018 – Putting the Fun in Funeral
    • 2023 – Putting the Chic in Psychic
    • 2023 – Putting the Ice in Nice
  • Magicfall-rige
    • 2018 – The Witchkin Murders

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.