Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
No edit summary
Yn [[1990]] ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan [[Sportpark Noard]] in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
 
Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt [[2000]], doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de [[New York Yankees]], bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 12</ref><ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref>. By de gearkomste fan de gemeenterie op [[6 april]] [[1993]] wie it dan safier,stimde de rie fan It Hearrenfean stimde yn mei it nij te bouwen stadion, dat yn totaal 13.800 plakkensitplakken te ferjaan krige.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> Op [[1 oktober]] fan dat selde jier gie de earste peal de grûn yn.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
 
Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út SK It Hearrenfean-foarsitter [[Riemer van der Velde]], [[en de sponsors Lippe Lap]], [[Klaas Oenema]] en [[Klaas de Leeuw]], soarge derfoar dat de sinten, 2,4 miljoen [[gûne]] (likernôch 1 miljoen [[euro]]) yn totaal, der kamen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> Yn totaal gie it om in ekstra bedrach fan 2,4 miljoen [[gûne]] (likernôch 1 miljoen [[euro]]) dat troch de sakemannen bylein waard.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Mei dizze sinten kamen de totale kosten foar it stadion op rom 22 miljoen gûne (likernôch 10 miljoen euro).<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Dit jild kaam ûnder oare byelkoar troch de ferkeap fan de grûn fan Sportpark Noard foar 4 miljoen gûne, 3 miljoen fan de gemeente, 4 miljoen fan bedriuwen en partikulieren en de klup sels betelle 3 miljoen gûne mei.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref>
 
Op [[1 oktober]] [[1993]] waard de earste peal slein troch [[Jos Staatsen]], doedestiids foarsitter fan de [[KNVB]], en op [[14 maart]] [[1994]] waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, [[Riemer van der Velde]].<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Troch de treflike organisaasje fan de bou koe it stadion al op [[15 july]] yn plak fan op [[1 oktober]] oplevere wurde troch boubedriuw [[Van Wijnen Holding N.V.|Van Wijnen]].<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 12</ref>
 
== Iepening ==
7.155

bewurkings

Navigaasjemenu