Nij Noard

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nij Noard is ien fan de twa offisjele supportersgroepen fan SK It Hearrenfean, de oare is de Feanfan Supportersklub. De feriening waard oprjochte yn 2001 en hat sa'n 1.200 leden.

De supportersferiening hat sûnt it fuotbalseizoen 2005/2006 har eigen fak oan de noardkant fan it Abe Lenstra Stadion. Yn dit fak kinne 1.000 minsken stean.

De stifters fan Nij Noard hienen as doel om de sfear yn it Abe Lenstra Stadion te ferbetterjen. Sûnt harren begjin hat de groepearring tal fan sfearaksjes hâlden.

Keppeling om ûtens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]