Robert Veenstra
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Robert Veenstra (Ljouwert, 1964) is in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf. Veenstra is sûnt 1 augustus 2010 foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean, hy folge doe Yme Kuiper op.[1] Dêrfoar wie hy wurksum as foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Ek hat Veenstra lange tiid wurksum west binnen de organisaasje fan Essent.
Op 28 oktober 2010 makke it Algemene Onderwijsbond bekend dat Veenstra yn de top tsien stie fan grutfertsjinners yn it ûnderwiis. Hy wie oer it jier 2009 ien fan de 60 skoalbestjoerders dy't oer de grins fan de Balkenende-noarm gienen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|