Heinitzpolder: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
[[]] better
No edit summary
 
Rigel 1: Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Rheiderland de.png|300px|thumb|Heinitzpolder yn it Reiderlân]]
[[Ofbyld:Rheiderland de.png|300px|thumb|Heinitzpolder yn it Reiderlân]]
'''Heinitzpolder''' is in dyk[[streekdoarp]] en [[polder]] en tagelyk in ''[[Ortsteil]]'' yn it ''[[Ortschaft]]'' [[Dollart]] yn de gemeente [[Bunde (Dútslân)|Bunde]] yn it [[East-Fryslân|Eastfryske]] [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]. In lyts part fan Heinitzpolder heart by de gemeente [[Jemgum]] dy't noardlik dêrfan leit. It plak hat likernôch 300 ynwenners.
'''Heinitzpolder''' is in dyk[[streekdoarp]] en [[polder]] en tagelyk in ''[[Ortsteil]]'' yn it ''[[Ortschaft]]'' [[Dollart]] yn de gemeente [[Bunde (Dútslân)|Bunde]] yn it [[East-Fryslân|Eastfryske]] [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]. In lyts part fan Heinitzpolder heart by de gemeente [[Jemgum]] dy't noardlik dêrfan leit. It plak hat likernôch 300 ynwenners.
Rigel 5: Rigel 4:
== Lizzing ==
== Lizzing ==
Heinitzpolder leit eastlik fan de [[Doalert]] en wurdt troch in smelle stripe fan it gebiet fan [[Kanalpolder]] fan de Doalert skaat. Yn it súdwesten grinzget er oan [[Landschaftspolder]]. Troch diken waard it gebiet beskerme tsjin [[oerstreaming]]s. De polder ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber [[seeklaai]]grûn. It doarp fan de polder leit oan in [[slieperdyk]]. In kanaal soarget foar it ûntwetterjen.
Heinitzpolder leit eastlik fan de [[Doalert]] en wurdt troch in smelle stripe fan it gebiet fan [[Kanalpolder]] fan de Doalert skaat. Yn it súdwesten grinzget er oan [[Landschaftspolder]]. Troch diken waard it gebiet beskerme tsjin [[oerstreaming]]s. De polder ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber [[seeklaai]]grûn. It doarp fan de polder leit oan in [[slieperdyk]]. In kanaal soarget foar it ûntwetterjen.

== Skiednis ==
De [[polder]] ûntstie troch it [[slyk|oansliken]] fan [[sedimint]]en troch it wetter fan de [[Doalert]]. It oanslike lân waard letter bedike. Yn [[1773]] pachten guon ûndernimmers fan [[Landschaftspolder]] it uterdykse lân en setten útein mei de dykbou, mar bruts troch by in [[stoarmfloed]]. In twadde groep dy't ynteresse yn it gebiet hiene besochten fan [[1794]] oant [[1796]] foar in twadde kear it gebiet te bedykjen en dy kear slagge it better. Heinitzpolder waard de earste polder yn it Reiderlân mei in befarber [[Kanaal (wetterwei)|kanaal]], dy't troch in [[syl]] ferbûn wie mei de Doalert. Yn [[1796]] waard foar it earst de namme ''Heinitz Polder'' brûkt, neamd nei de [[Prusyske]] steatsminister [[Friedrich Anton von Heynitz]] (1725-1802)

Yn de [[Frânske tiid]] waard it gebiet by it Nederlânske [[departemint Westeriems]] yndield. Yn [[1813]] waard der foar it earst in gemeente [[Dollart]] foarme, dy't bestie út de doarpen Heinitzpolder, [[Landschaftspolder]], [[Bunderhammrich]], [[Böhmerwold]] en [[Sankt Georgiwold]]. Nei de delslach fan [[Napoleon]] kaam it gebiet oan it [[keninkryk Hannover]] en waarden de plakken fannijs selsstannige gemeenten. De [[Wettersneed fan 1825|wettersneed]] fan febrewaris [[1825]] feroarsake in dykynbrek yn de Heinitzpolder en dêrtroch strûpte it lân ûnder wetter. Fan [[1874]] oant [[1877]] waard it oanslike lân, dy't tsjin de Heinitzpolder oanlei, bedike, en dêrmei ûntstie de [[Kanalpolder]]. Yn [[1885]] waard [[Eastfryslân]] fannijs Prusysk. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] kaam der in tastream [[Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich|flechtelingen út it easten fan Dútslân]] wei.

Yn [[1966]] waard de [[Samtgemeinde|gearwurkjende gemeente]] [[Dollart]] fannijs stifte dy't út de doarpen [[Ditzumerhammrich]], [[Ditzumerverlaat]], [[Bunderhammrich]], Heinitzpolder en [[Kanalpolder]] bestie. Yn [[1973]] ferlear Heinitzpolder syn selsstannigens foargoed, doe't de gemeente Dollart in [[Einheitsgemeinde|ienheidsgemeente]] waard en part fan de gearwurkjende gemeente Bunde waard, dy't yn [[2001]] sels wer in ienheidsgemeente waard.

== Religy ==
Sûnt [[1821]] hearde Heinitzpolder by de tsjerkegemeente Landschaftspolder, en sûnt [[1887]] by Ditzumerverlaat. Dêr waard in nije [[Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân|grifformearde]] gemeente stife, dy't yn [[1896]] in eigen tsjerke krige.


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [https://www.gemeinde-bunde.de/ webstee fan de gemeente Bunde]
* [https://www.gemeinde-bunde.de/ Webstee fan de gemeente Bunde]
* Doarpsbeskriuwers fan it [[Ostfriesische Landschaft]]: [https://www.ostfriesischelandschaft.de/fileadmin/user_upload/BIBLIOTHEK/HOO/HOO_Heinitzpolder.pdf ''Heinitzpolder''] (PDF; 218 kB)
* Doarpsbeskriuwers fan it [[Ostfriesische Landschaft]]: [https://www.ostfriesischelandschaft.de/fileadmin/user_upload/BIBLIOTHEK/HOO/HOO_Heinitzpolder.pdf ''Heinitzpolder''] (PDF; 218 kB)



De hjoeddeiske ferzje sûnt 25 nov 2021 om 18.27

Heinitzpolder yn it Reiderlân

Heinitzpolder is in dykstreekdoarp en polder en tagelyk in Ortsteil yn it Ortschaft Dollart yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. In lyts part fan Heinitzpolder heart by de gemeente Jemgum dy't noardlik dêrfan leit. It plak hat likernôch 300 ynwenners.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heinitzpolder leit eastlik fan de Doalert en wurdt troch in smelle stripe fan it gebiet fan Kanalpolder fan de Doalert skaat. Yn it súdwesten grinzget er oan Landschaftspolder. Troch diken waard it gebiet beskerme tsjin oerstreamings. De polder ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber seeklaaigrûn. It doarp fan de polder leit oan in slieperdyk. In kanaal soarget foar it ûntwetterjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De polder ûntstie troch it oansliken fan sediminten troch it wetter fan de Doalert. It oanslike lân waard letter bedike. Yn 1773 pachten guon ûndernimmers fan Landschaftspolder it uterdykse lân en setten útein mei de dykbou, mar bruts troch by in stoarmfloed. In twadde groep dy't ynteresse yn it gebiet hiene besochten fan 1794 oant 1796 foar in twadde kear it gebiet te bedykjen en dy kear slagge it better. Heinitzpolder waard de earste polder yn it Reiderlân mei in befarber kanaal, dy't troch in syl ferbûn wie mei de Doalert. Yn 1796 waard foar it earst de namme Heinitz Polder brûkt, neamd nei de Prusyske steatsminister Friedrich Anton von Heynitz (1725-1802)

Yn de Frânske tiid waard it gebiet by it Nederlânske departemint Westeriems yndield. Yn 1813 waard der foar it earst in gemeente Dollart foarme, dy't bestie út de doarpen Heinitzpolder, Landschaftspolder, Bunderhammrich, Böhmerwold en Sankt Georgiwold. Nei de delslach fan Napoleon kaam it gebiet oan it keninkryk Hannover en waarden de plakken fannijs selsstannige gemeenten. De wettersneed fan febrewaris 1825 feroarsake in dykynbrek yn de Heinitzpolder en dêrtroch strûpte it lân ûnder wetter. Fan 1874 oant 1877 waard it oanslike lân, dy't tsjin de Heinitzpolder oanlei, bedike, en dêrmei ûntstie de Kanalpolder. Yn 1885 waard Eastfryslân fannijs Prusysk. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der in tastream flechtelingen út it easten fan Dútslân wei.

Yn 1966 waard de gearwurkjende gemeente Dollart fannijs stifte dy't út de doarpen Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Bunderhammrich, Heinitzpolder en Kanalpolder bestie. Yn 1973 ferlear Heinitzpolder syn selsstannigens foargoed, doe't de gemeente Dollart in ienheidsgemeente waard en part fan de gearwurkjende gemeente Bunde waard, dy't yn 2001 sels wer in ienheidsgemeente waard.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1821 hearde Heinitzpolder by de tsjerkegemeente Landschaftspolder, en sûnt 1887 by Ditzumerverlaat. Dêr waard in nije grifformearde gemeente stife, dy't yn 1896 in eigen tsjerke krige.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Harm Wiemann u. a.: Aus vergangenen Tagen: Chronik der Samtgemeinde Bunde. Hrsg. Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983.
  • Johann Schulte: Verlaat – (K)eine Chronik der ehemaligen Gemeinde Dollart. Festschrift zur 250-Jahrfeier von Ditzumer-Verlaat. Artline, Bunde 2003.
 
Bunde
Wapen fan Bunde
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer