Wiepkje van Assen
Appearance
(Trochferwiisd fan Wiepkje Reddingius)
Wiepkje van Assen | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wiepkje Agatha van Assen-Reddingius | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 septimber 1780 | |
berteplak | Ingelum | |
stoarn | 15 novimber 1824 | |
stjerplak | Harns | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | poëzij | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
’t Duwke | |
jierren aktyf | 1822 |
Wiepkje van Assen (folút: Wiepkje Agatha van Assen-Reddingius; Ingelum, 12 septimber 1780 - Harns, 15 novimber 1824) wie in Frysk dichteresse.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Assen waard yn 1780 berne yn it doarp Ingelum, yn Menameradiel, dêr't har heit, Regnerus Petrus Reddingius dûmny wie. Se troude op 25 maaie 1803 mei de Harnzer apteker Ernst van Assen. Wiepkje van Assen waard benammen bekend trochdat se yn 1822 fiif Frysktalige gedichten bydroech oan in twatalige blomlêzing fan Harnzer dichters mei as titel Proeve van Dichterlijke Mengelingen. Har bekendste gedicht wie ’t Duwke, dêr't letterkundige Philippus H. Breuker yn 1980 in artikel It Foarbyld fan Wypkje van Assen har '’t Duwke' oer publisearre it tydskrift Ut de Smidte (jiergong 14, nûmer 3, side 26).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|