Wejherowo
| Wejherowo | ||
| Monumint foar Jakub Wejher, stifter fan de stêd | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 46.097 (2024) GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)</ref> | |
| Oerflak | 25,65 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.797 ynw./km² | |
| Hichte | 12,7 m – 149,7 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 54° 36' N 18° 14' E | |
| Offisjele webside | ||
| /www.wejherowo.pl | ||
| Kaart | ||
Wejherowo (Kasjûbysk: Wejrowò, Dútsk: Neustadt in Westpreußen, earder Weyersfrey) is in stêd yn 'e woiwodskip Pommeren yn Poalen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit yn it histoaryske West-Prusen yn 'e brede delling fan 'e Reda, westlik fan 'e Bocht fan Gdańsk op in hichte fan 30 meter boppe de Eastsee en likernôch 20 kilometer noardwestlik fan 'e havenstêd Gdynia.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wejherowo waard yn 1643 as Wola Wejherowska troch de woiwode fan it woiwodskip Malbork en de Poalske ealman Jakub Wejher stifte. De plaknamme waard yn it Dútsk oerset as Weyersfrey. De stifter hie ornearre dat it plak deselde stedsrjochten hawwe moast as oare stêden yn 'e krite en dêrfandinne waard de nije stêd it saneamde 'Kulmer Rjocht' takend. De privileezjes fan 'e stêd waarden yn 1655 ferliend en troch kening Jan II akkordearre.

By de Earste Dieling fan Poalen yn 1772 anneksearre it Keninkryk Prusen it grutste part fan 'e Pommerellen. De stêd waard ûnderdiel fan e nije Prusyske provinsje West-Prusen en de Dútske namme Weyersfrey waard feroare yn Neustadt in Westpreußen. Foar de ûntwikkeling fan 'e stêd wie de foarming fan 'e lânkring Neustadt en de oansluting yn 1870 op it spoar fan Danzig (Gdańsk)-Stettin (Szczecin) fan grut belang.
Yn dy tiid foarmen Poalen en Kasjûben yn 'e lânkring Neustadt in mearderheid fan 59.3% fan 'e befolking. De stêd Neustadt hie lykwols in Dútske mearderheid. Neffens de folsktelling fan 1910 telde de befolking 9.804 ynwenners, wêrfan 71% Dútsers, 25% Kasjûben en 4% Poalen.
Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd ûnderdiel fan 'e Twadde Poalske Republyk.
Wejherowo waard op 9 septimber 1939 ynnommen troch de Dútske Wehrmacht. It grutste part fan ' joadske mienskip waard fermoarde en yn it ramt fan 'e Intelligenzaktion waarden ek in soad Poalen oppakt, opsletten en dêrnei deportearre nei it doarpke Piaśnica Wielka, dêr't hja deasketten waarden. Under harren wiene ek de boargemaster en studinten fan 'e hegere skoallen. Leararen út de stêd waarden mei oare Poalske leararen nei konsintraasjekamp Mauthausen stjoerd.
Yn maart 1945 makke it Reade Leger in ein oan 'e Dútske besetting en waard Wejherowo wer in Poalske stêd.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1789 | 1853 | 1905 | 1943 | 1960 | 1970 | 1980 | 1990 |
| Ynwenners | 700 | 2.500 | 8.389 | 16.490 | 24.500 | 33.800 | 42.400 | 46.800 |
| Jier | 2000 | 2011 | 2021 | |||||
| Ywenners | 46.200 | 49.922 | 48.735 | |||||
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wejherowo is in religieus sintrum foar de Kasjûben. It doel fan 'e beafeart is de patroanhillige fan 'e stêd, de Mem Gods, in genedebyld dat yn 1999 troch paus Jehannes Paulus II kroand waard.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Kalvaryberch;
- it Slot fan 'e famylje Keyserling (no museum);
- it riedhûs út 1650;
- de stiftstsjerke fan 'e Hillige Trijeienheid út 1643;
- de kleastertsjerke Sint-Anna út 'e 17e iuw mei in ynrjochting út 'e 18e iuw.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Wejherowo
|
