Wapen fan Wetsens
Appearance
It wapen fan Wetsens is it wapen fan it doarp Wetsens, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in fersmelde skeanbalke fan azuer, mei boppe twa earnefleugels fan sabel en mei ûnder in tsjettel fan kiel.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sabel (swart) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjettel: symboal foar Fitus, patroanhillige fan de Sint-Fitustsjerke fan Wetsens.
- Earnsfleugels: oernommen út it wapen fan de famylje Jaerla dat yn it doarp in stins bewenne.
- Skeanbalke: stiet symboal foar de Jaarlasleat, in belangryk elemint yn de wetterhúshâlding fan East-Dongeradiel.