Springe nei ynhâld

Wapen fan Warten

Ut Wikipedy
Wapen fan Warten

It wapen fan Warten is it wapen fan it doarp Warten, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1974 registrearre.

Warten is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen fan Warten komt foar yn it Wapen- en Vlaggenboek fan Gerrit Hesman út 1708. De swannen yn it wapen jouwe oan dat Warten in wetterdoarp is. Sa komt de swan ek foar yn de wapens fan Langwar, Molkwar en Koarnwert.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver sân reade ballen, pleatst fjouwer-trije; in read skyldhaad mei trije sulveren swannen mei steande wjukken.

De heraldyske kleuren binne: sulver en kiel (read).

  • Swannen: ferwize nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Ballen: koene oarspronklik pompeblêden west hawwe.
  • Kleurstelling: koe oernommen wêze út it wapen fan Eastergoa.