Springe nei ynhâld

Wapen fan Molkwar

Ut Wikipedy
Wapen fan Molkwar

It wapen fan Molkwar is it wapen fan de flekke Molkwar, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen is yn syn hjoeddeiske foarm yn 1995 registrearre.

Molkwar is ien fan de Fryske doarpen dêr't in âld wapen út oerlevere is. It wapen komt ûnder oaren foar yn it Wapen- en Vlaggenboek út 1708 fan Gerrit Hesman. Hesman skildere in wite swan tsjin in blauwe êftergrûn, mar ek oare kleuren komme foar. It wapen waard yn 1995 definityf registrearre troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Yn de bloeitiid fan Molkwar hie it plak in kantoar yn Amsterdam, dêr binne dan twa gevelstienne mei it wapen fan Molkwar te finen.

De blazoenearring fan it wapen is:

Fan sabel, belein mei in swan fan sulver, bek en poaten fan goud, steande op in grûn fan sinopel. It skyld is dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), sulver, goud en sinopel (grien). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke kroan".

  • Swan: ferwiist nei de hannel yn pikelfleis fan swannen, wêr't it doarp bekend om stie.
  • Flekke kroan: it wapen wurd bedutsen troch in saneamde "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke). Hoewol't Molkwar gjin merk, waach of rjochtsgebouwen hie, hie it doarp wol hege wentichtheid en in grut oantal ynwenners.