Springe nei ynhâld

Sint-Lebuïnustsjerke

Ut Wikipedy
Sint-Lebuïnustsjerke
Sint-Lebuïnustsjerke
Sint-Lebuïnustsjerke

De Sint-Lebuïnustsjerke is de herfoarme tsjerke fan Molkwar. De tsjerke is oarspronklik wijd oan de hillige Sint-Lebuïnus.

Yn 1849 en 1850 waard de hjoeddeiske tsjerke boud as ferfanger fan de foarige tsjerke dy't der sûnt 1768 stie. De toer dêrfan wie grif 16e iuwsk. De âlde koperene kroanluchters ophongen. Yn 1850 kaam der in nij ynterieur. Yn 1873 skonk jonkhear Van Swinderen in lyts oargel oan de tsjerke en ek tusken 1949-1954 waard in soad oan it ynterieur feroare. Sa kaam der in nij doopfont, makke troch Stallman yn Hylpen en Dijkstra fan Snits makke in tinnen bekken mei lid. Stalmann maakte ek nije psalmboerden; in broer fan ds Schneider skonk yn 1954 it predikanteboerd. De liedklokken binne yn 1649 getten troch de Ljouwerter brûnsjitter Jacob Noteman

Yn 1971-1972 krige de tsjerke flierferwaarming en waarden der nije banken opsteld, waard de souder blau en waard de kroanlist om it plafond moarmere. Op ien kroanluchter steane de nammen fan de skinkers: Saelingh Reyns en Claes Pyters. It twadden-ien is fersierd mei trije skyldsjes, dêr't in man en in frou yn dracht op steane; it tredde hat as tekst: ‘Jongelingen en maagden. Dat zij de Naam des Heeren loven. Ps 148 vs 12 13’.

It oargel dat Van Swinderen yn 1873 oan de tsjerke skonk en mooglik út it slot fan de Van Swinderens yn Riis kaam, hat in kast út ± 1680.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Frysk Deiblêd, 3 july 2003