Gerrit Hesman
Gerrit Jans. Hesman (doopt 8 septimber 1661 yn Dokkum - dêre om 1715 hinne) wie in Fryske ferver, heraldikus en skriuwer dy't yn de stêd Dokkum libbe en wurke.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hesman wie in soan fan Jan Harmens Hesman en Antie Gerrits. Jan Harmens kaam út Arnhim en waard yn 1661 boarger fan Dokkum. [1] Gerrit Hesman troude yn 1702 mei Baukje Snip, waans heit ûnder oare froedsman en boargemaster fan Dokkum wie. Nei har ferstjerren troude Hesman mei Antie Jacobs. [1]
Lykas syn heit wie Gerrit ferver fan berop. [2] Hesman waard noch neamd op 1 maaie 1715, mar hy sil ferstoarn wêze foar 1 maaie 1716 mei't syn widdo op dy dei fannijs troude. [1]
Hesman syn wichtichste wurken binne de Kronyk oer Dokkum o/m 1711, in wurk dat twa dielen beslacht en dêr't it manuskript nei syn ferstjerren yn publisearre is, en syn wapen - en flaggeboek (1708), dêr't er wapens en flaggen fan stêden en hearlikheden en fan wichtige famyljes en persoanen yn beskriuwt. [3] Dy wurde troch skiedkundigen betrouber achte.
Dêrneist skreau er ûnder oare literêre wurken fan kristlike aard, lykas Cupidoos Mengelwerken of Minnespiegel der deugden, Klokgeslag der Heylige Schriftuur (1707) en Christelijke aandachten of vlammend zielzuchten, gerijmt, met eene voorrede van G. Outhof (1728), dy't net folle wurdearring fûnen.
Wapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kar-út Hesmans syn wurk.
-
Kertieren fan Feye fan Scheltema
-
De wapens fan Gerrit Hesman sels, syn earste frou Baukje Snip en syn twadde frou Antie Jacobs.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerrit Hesman fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|