Springe nei ynhâld

Flagge fan Molkwar

Ut Wikipedy
Flagge fan Molkwar

De flagge fan Molkwar is de flagge fan de flekke Molkwar, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1995 registrearre.

De flagge fan Molkwar is al lang bekend, al wie de útfiering wikseljend. De flagge ferskynde koart nei 1700 op de earste flaggekaart foar seelju, útjûn yn Amsterdam. Dêr is de flagge blau mei in wite swan. Fierder komt de flagge foar yn in Italjaansk hânskrift fan om 1650 hinne; dêr is de flagge swart mei yn it midden oan de ûnderkant fan de flagge in lytse swimmende swan op eat wat neffens alle mieningen it wetter foarstelle moat. En dan is der noch in bekende rymke: "De zwaan in het zwart, zit Molkwerummers in het hart".

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn swart in swimmende wite swan mei opsleinde fleugels en giele bek. De swan 2/3 flaggehichte, pleatse oan de broekside.

De kleuren komme út it wapen fan Molkwar.