Springe nei ynhâld

Wapen fan Muntsjesyl

Ut Wikipedy
Wapen fan Muntsjesyl

It wapen fan Muntsjesyl (Kollumerlânsk: woapen van Muntjesziel) is it wapen fan it doarp Muntsjesyl, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdield: I. Trochsnijd: A. Fan blau, beladen mei in fjouwerkante skâns fan goud, dêr't fan it binnenmeanfjild fan blau en de haadlinen fan it berin lykrinnend oan de bopperâne, respektyflik de sydkanten fan it skyld; B. Weagjende trochsnijing fan sulver en blau, it blau beladen mei twa weagjende skeanbalken fan sulver; oer alles hinne in reade muorre mei twa oan de boppekant healrûne iepeningen, en in sulveren skyldkop. II. Fan swart, beladen mei in muonts, yn de lofterhân in skeppe oer de skouder, alles fan sulver, yn it skyldkop mei twa gouden leeljes.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, kiel (read) en sabel (swart).

  • Ofwetteringsslûs: ferwiist nei de yn 1471 boude slûs. Dy slûs waard boud troch de muontsen fan it kleaster Jeruzalim yn Gerkeskleaster.
  • Skâns: ferwiist nei de skâns dy't yn 1576 yn Muntjsesyl boud is mei ôfbrekmateriaal fan it frouljuskleaster Galilea. Noch altyd hjit de buorskip De Skâns.
  • Muonts: makket it wapen ta in sprekkend wapen.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de oarder fan de Sistersjinzers, de oarder fan sawol it kleaster Jeruzalim as Galilea.