Flagge fan Muntsjesyl

De flagge fan Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Vlagge van Muntjesziel) is de flagge fan it doarp Muntsjesyl, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkeurt of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Skake fan blau en wyt, njoggen rjochthoeken yn trije rigen; de middelste rjochthoeke is read.
De kleuren komme út it wapen fan Muntsjesyl.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleurstelling: It blau stiet foar it wetter en it wyt foar muontsespijen fan de Sistersjinzers muontsen wêr it doarp syn namme oan te tanken hat.