Wapen fan Moarre
Appearance
It wapen fan Moarre is it wapen fan it doarp Moarre, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in peal fan azuer, beladen mei in oargelpiip fan sulver mei labium fan goud, de peal rjochts mei fan in ôfrukte arekop en fan in bot, beide fan azuer.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe peal: symboal foar de dyk fan Dokkum nei Lauwerseach.
- Arekop: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra dat westlik fan it doarp Heemstrastate bewenne. Ek is de are in symboal faor de Jehannes de Evangelist, de berskermhillige fan de Sint-Janstsjerk fan Moarre.
- Bot: oernommen út it wapen fan de famylje Botma. Dy famylje bewenne ek in stins yn it doarp.
- Oargelpiip: ferwiist nei it oargel fan de tsjerke fan Moarre, dat it âldste oargel is fan de eardere gemeente Dongeradiel.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra.
-
It wapen fan de famylje Van Heemstra.