Wâldsteppemarmot

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wâldsteppemarmot
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai: marmotten (Marmota)
soarte
Marmota kastschenkoi
Stroganov & Judin, 1956
IUCN-status: net evaluëarre

De wâldsteppemarmot (Latynske namme: Marmota kastschenkoi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1956, as in ûndersoarte fan 'e Altaimarmot (Marmota baibacina). Yn 2012 waard lykwols fêststeld dat it hjir om in selsstannige marmottesoarte giet. De wâldsteppemarmot komt foar yn súdlik sintraal Sibearje, yn 'e krite besuden de stêden Novosibirsk, Kemerovo en Tomsk. Dizze soarte moat net betize wurde mei de steppemarmot (Marmota bobak), dat in hiel oar bist is.

It ferspriedingsgebiet fan 'e wâldsteppemarmot.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wâldsteppemarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 49½-64 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 12½-20 sm en in gewicht fan 4½-9 kg. De pels is dûnkerbrún op 'e rêchside mei in justjes ljochtere bealchkant. Soms sitte der gielige plakken op 'e wangen en/of in witich plak op it kin.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wâldsteppemarmotten libje op heuvelskeanten yn steppegebieten oan 'e râne fan wâldlân, dêr't se ûndergrûnske hoalen oanlizze. Ek komme se wol foar yn of deunby greiden, en op tsjerkhôven. Soms belûke se ferlitten gebouwen. Sân oant acht moannen fan it jier hâlde wâldsteppemarmotten in wintersliep. Fierders binne se deis aktyf en libje se yn koloanjes dy't besteane út famyljegroepen fan ien dominant mantsje, 2-3 wyfkes en 4-8 jongen fan ferskillende jiergongen. It territoarium fan sa'n famyljegroep bedraacht likernôch 1 ha.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Thorington jr., Richard W.; Koprowski, John L.; Steele, Michael A.; en Whatton, James F., Squirrels of the World, Baltimore, 2012 (Johns Hopkins University Press), s. 281-282.