Springe nei ynhâld

Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen

Ut Wikipedy
Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen

Lytse Wolf en Stomp Mês.
datum: 9 septimber 187822 jannewaris 1879
plak: Oklahoma, Kansas en Nebraska
útkomst: Noardlike Sjajinnen krigen in eigen reservaat yn Montana
konfliktpartijen
Noardlike Sjajinnen Feriene Steaten
befelhawwers
Stomp Mês
Lytse Wolf
kol. William H. Lewis
kpt. Henry Wessells jr.
sterkte
297-353 10.000 soldaten
3.000 kolonisten
ferliezen
>24 deaden
>30 ferwûnen
65 finzenen
>6 deaden
40 boargerdeaden
>5 ferwûnen

De Uttocht fan 'e Noardlike Sjajinnen (Ingelsk: Northern Cheyenne Exodus) wie in barren dat plakfûn as ûnderdiel fan 'e Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby besochten de Noardlike Sjajinnen yn 1878-1879, nei't se fier fan harren heitelân yn it reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen yn it hjoeddeistige Oklahoma pleatst wiene, mei in wanhopige ûntsnapping werom te kearen nei it noarden, wylst it Amerikaanske leger der alles oan die om harren tsjin te hâlden. Uteinlik late de úttocht ta de fêstiging fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat yn súdeastlik Montana.

Nei de dielname fan 'e Noardlike Sjajinnen oan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en yn it bysûnder oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne ferdylge waard, setten de Amerikanen alles op alles om foar iens en foar altyd mei de Noardlike Sjajinnen ôf te weven. Al rillegau waarden se doe slim yn 'e benearing brocht. Ein novimber 1876 ferneatigen de Amerikanen 153 tipys fan 'e Noardlike Sjajinnen en makken se 500 fan harren hynders bút yn it foar de Yndianen rampsillich ferrûne Gefjocht fan Stomp Mês. Sadwaande wiene de Sjajinnen begjin 1877 twongen om har oer te jaan.

Se ferwachten dat se, no't se de striid opjûn hiene, neffens de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, nei it Grutte Sû Reservaat yn 'e Black Hills ta stjoerd wurde soene, mar ynstee waarden se nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) deportearre om har yn it reservaat fan harren sibben, de Súdlike Sjajinnen, nei wenjen te setten. Fan 'e 972 Noardlike Sjajinnen dy't mei de reis nei it suden úteinsetten, kamen der mar 937 oan. Foar in diel fan 'e âlderein hie de reis tefolle west, wylst party jongemannen fuortglûpt wiene om werom te kearen nei harren heitelân yn Montana en noardlik Wyoming.

Ienris oankommen yn it Yndiaanske Territoarium waard dúdlik hoe earmoedich en breklik oft de libbensomstannichheden dêre wol net wiene. Oan 'e ein fan 'e simmer fan 1877 briek der malaria út, en doe't de Noardlike Sjajinnen lang om let tastimming krigen om ek bûten it reservaat op jacht te gean, simpelwei om itende te bliuwen, troffen se dêr gjin wyld oan, inkeld in woastenije fan ferrotsjende bizonkadavers dy't troch blanke jagers sketten wiene foar de hûden. De winter fan 1877 op 1878 wie in tiid fan honger en ellinde foar de Noardlike Sjajinnen, en yn it foarjier fan 1878 waarden se ek nochris troffen troch in útbraak fan 'e mûzels. Tsjin 'e ein fan 'e simmer fan dat jier hiene se har nocht, en begûnen de opperhaden in weromkear nei harren noardlike heitelân ta te rieden. Tsjin dy tiid wiene der noch tusken de 297 en 353 fan harren oer.

Fan Oklahoma nei Nebraska

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e lette jûn fan 9 septimber of de iere moarn fan 10 septimber 1878 pykten de Noardlike Sjajinnen ûnder lieding fan harren opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf temûk út, streamop by de Noardlike Canadian lâns. Se giene noardoan, oer de wetterskieding hinne mei it ôfwetteringsgebiet fan 'e Cimarron, en stieken dy rivier de jûns fan 10 septimber oer. By in boarne dy't bekend stie as Turkey Springs leine de krigers, oanfierd troch Lytse Wolf, in mûklaach oan, mei't se efterfolging ferwachten, wylst Stomp Mês de froulju en bern nei in plak fierderop late. Underwilens doarmen oare krigers út oer it omlizzende lân, op 'e sneup nei foarrieden, wêrby't se ferskillende groepkes cowboys oanfoelen en twa deadiene.

In Sjajinsk gesin mei in hynder dat in travois lûkt, sa't se grif ek ûnder de úttocht reizge hawwe sille.

Nei't se in pear dagen letter de rivier de Arkansas oerstutsen wiene, waarden de Noardlike Sjajinnen hjitfolge troch in troepemacht ûnder kolonel William H. Lewis, besteande út 238 soldaten fan it 19de Ynfanteryrezjimint en it 4de Kavaleryrezjimint. Op 27 septimber retten se in mûklaach ta yn it ravyn fan it streamke de Punished Woman's Fork, benoarden it hjoeddeistige Scott City, yn Kansas, mar dat rûn op neat út doe't in te happige kriger de boel ferrette mei in te betiid skot. Dêrop sleat Lewis mei syn ynfantery de yngong ta it dearinnende ravyn ôf – dêrmei de Sjajinnen, froulju en bern ynbegrepen, ynslutend – en foel doe de middeis oan mei syn ôfstige kavalery. Hy hie lykwols gjin rekken holden mei it skerpskutterskip fan 'e Sjajinske krigers. Hy waard yn 'e boppeskonk rekke troch in kûgel dy't syn slachier trochsnie, rekke bûten gefjocht en stoar in dei letter oan bloedferlies. De Sjajinnen makken handich gebrûk fan it liederskipsfakuum dat him doe by de Amerikanen foardie, en ûntsnapten ûnder dekking fan it tsjuster. Se wiene tsjin dy tiid lykwols 60 hynders, in grut part fan har pakkelaazje en al harren iten ferlern, trochdat in diel fan harren hynstekeppel ûntdutsen en bútmakke wie troch de soldaten.

Twa dagen letter, op 29 septimber staten de Sjajinnen yn noardwestlik Kansas op in groep cowboys, dy't se 80 stiks slachtfee ûntnaderen. Fan 30 septimber oant 3 oktober giene Sjajinske krigers yn wat no de countys Decatur en Rawlins binne, yn noardwestlik Kansas, op 'e siik nei hynders, iten en oare foarrieden, wêrby't se de koartby opsette isolearre boerespultsjes yn it gebiet oerfoelen, dy't foar in diel yn besit wiene fan ymmigranten út East-Jeropa wei dy't noch nea in Yndiaan sjoen hiene. Dêrby waarden sa'n 40 manlju en opslûpen jonges deade, wylst likernôch 25 froulju en âldere famkes ferkrêfte waarden. Guon histoarisy beskôgje dit as de wraak fan 'e Sjajinnen foar de saneamde Slach by Cheyenne Hole, wêrby't trije jier earder, yn 1875, yn itselde gebiet in Sjajinsk kamp troch it Amerikaanske leger oerfallen en ferdylge wurden wie.

Fanôf Turkey Springs wie de hiele úttocht eins ien oanhâldend gefjocht dwers troch de steaten Kansas en Nebraska, en soldaten út alle omlizzende forten (Fort Wallace, Fort Hays, Fort Dodge, Fort Riley en Fort Kearney) makken jacht op 'e Noardlike Sjajinnen. Uteinlik wiene by de efterfolging wol 10.000 soldaten en 3.000 blanke kolonisten belutsen. Yn 'e lêste helte fan septimber hie it leger de Sjajinnen by fiif ûnderskate gelegenheden ynhelle, mar eltse kear wisten de Yndianen wer op slûchslimme wize fuort te glûpen troch oan te hâlden oer it dreechst mooglike terrein, dêr't it foardiel fan 'e mobiliteit dy't de Amerikaanske kavalery hie, teneate dien waard.

Likegoed foel de tocht in protte fan 'e Sjajinnen swier, dat nei seis wiken op 'e flecht waard der oan 'e rivier de Noardlike Platte in gearkomste holden wêrby't besletten waard om 'e kolonne op te spjalten. Tsjin dy tiid wiene se al 34 minsken kwytrekke, dy't itsij yn 'e gefjochten mei it leger sneuvele wiene, itsij besletten hiene dat se in bettere kâns makken om op eigen manneboet in paad nei it noarden te sykjen. Fan dat plak ôf late Stomp Mês de iene troep, dy't meast út froulju en bern bestie, nei Fort Robinson, yn Nebraska ta, om har dêr oer te jaan by it Reade Wolk Agintskip yn 'e hope dat it harren tastien wurde soe om dêr te bliuwen. De oare troep, dy't foar in grutter part út krigers bestie en oanfierd waard troch Lytse Wolf, sette de reis nei Montana fuort.

Stomp Mês.

De troep fan Stomp Mês

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 oktober waard de troep fan Stomp Mês op twa dagen ôfstân fan Fort Robinson besingele troch it Amerikaanske leger. Stomp Mês en de oare lieders, Wylde Baarch en Sterke Lofterhân, krigen doe te hearren dat it Reade Wolk Agintskip ûnderwilens ferpleatst wie nei Súd-Dakota, mar fanwegen de minder wurdende waarsomstannichheden en de grutte troepemacht dy't har ynsletten hie, besleaten de Sjajinnen om har dochs by Fort Robinson oer te jaan. Se hellen doe har bêste gewearen útinoar; de lopen waarden troch de froulu ûnder de klean ferstoppe, wylst de lytsere ûnderdielen oan klean en mokassins hongen waarden by wize fan fersiering. Op 25 oktober berikten se einlings en te'n lêsten Fort Robinson, dêr't se mei syn hûndertfyftigen húsfêste waarden yn barakken dy't boud wiene foar 75 soldaten.

Yn desimber hellen de Amerikanen it Lakota-opperhaad Reade Wolk nei it fort ta om te bemiddeljen, en nei in ûnderhâld mei him stimden Stomp Mês en de oare haadlju dermei yn om nea wer de wapens tsjin 'e Amerikanen op te nimmen as de Grutte Heit yn Washington (de presidint) harren tastie om har by it Pine Ridge Agintskip mank de Lakota, dat fan âlds harren bûnsgenoaten wiene, nei wenjen te setten. Mar dêr koe neffens it Amerikaanske regear gjin sprake fan wêze, en op 3 jannewaris 1879 kaam fan hegerhân it befel yn Fort Robinson oan dat de Noardlike Sjajinnen wer werom moasten nei it Yndiaanske Territoarium. Doe't de Sjajinnen dúdlik makken dat dat foar harren ûnbesprekber wie, waarden de finsters fan harren barakken fan traaljes foarsjoen, en krigen se gjin iten of branje mear. Nei seis dagen fan honger lijen yn 'e kjeld woe Stomp Mês op 9 jannewaris noch altyd fan gjin wiken witte, mar Wylde Baarch en Sterke Lofterhân stimden dermei yn om te praten. Nei't hja mei har folk oerlein hiene, kamen hja lykwols sûnder wat bedijd te hawwen werom: de minsken ferpoften it om wer nei it suden ta.

Dyseldichste jûns om kertier foar tsienen prebearren de Sjajinnen in útbraak mei har wer yninoar sette gewearen. Se waarden fuortendaliks efterfolge troch it garnizoen fan it fort, en yn it gefjocht dat dêrop folge, waard in grut tal fan harren deade. Tsjin 'e moarn waarden 65 Sjajinnen, wêrûnder 23 ferwûnen, as finzenen werombonsjoerd nei Fort Robinson. Net mear as 38 Yndianen wiene ûntsnapt, wêrfan't seis, mei dêrûnder Stomp Mês, har deunby it fort ferskûle hiene, en wisten te ûntkommen doe't de soldaten de oare 32 Sjajinnen efternei giene. Dy waarden úteinlik by Hat Creek Bluff ynsletten, dêr't 24 fan har omkamen. Stomp Mês en de fiif dy't by him bleaun wiene, wisten úteinlik op eigen manneboet it Pine Ridge Agintskip te berikken. Dizze hiele rige foarfallen kaam bekend te stean as it Bloedbad fan Fort Robinson.

Lytse Wolf yn 1868.

De troep fan Lytse Wolf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de gearkomste oan 'e Noardlike Platte, wêrby't de Sjajinnen útinoar gien wiene, sette de troep fan Lytse Wolf fierder nei it noarden troch de Sand Hills fan Nebraska, dêr't se oerwinteren oan 'e Wild Chokeberry Creek, yn in gebiet dêr't it wyld noch by 't folop foarkaam. Se metten der frijwol gjin blanken, en waarden dy winters net steurd. Tsjin 'e maityd fan 1879 waarden se ûntdutsen troch de ferkenners fan in kavalery-ôfdieling út Fort Keogh, yn Montana, dy't tafalligerwize ûnder befel stie fan luitenant W.P. Clark, in ofsier mei wa't Lytse Wolf yn it ferline in freonlike omgong hân hie. Nei ûnderhannelings, earst mei de ferkenners, en doe mei Clark sels, stimden Lytse Wolf-en-dy deryn ta om har oer te jaan en mei te gean nei Fort Keogh. Dêr waard harren frege om sels tsjinst yn it leger te nimmen as ferkenners, en nei wat oerlis stimde sels Lytse Wolf dêrmei yn.

Nei moannen fan opûnthâld, feroarsake troch politike strideraasje yn Washington, waarden de finzenen fan Fort Robinson úteinlik frijlitten en waard it harren tastien om har by harren sibben yn Fort Keogh te jaan. Ferskaten fan harren moasten letter lykwols noch foar de rjochter komme foar de misdieden tsjin 'e boargerbefolking dy't se yn Kansas begien hiene.

Oan it begjin fan 'e 1880-er jierren begûnen de Sjajinnen har bytsje by bytsje nei wenjen te setten yn 'e krite fan 'e rivier de Tongue yn Montana, dy't it uterste noarden fan harren eardere wengebiet op 'e Grutte Flakten markearre. Op 16 novimber 1884 waard dêre yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint Chester A. Arthur it Tongue River Yndianereservaat stifte, dat letter it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat kaam te hjitten. De Noardlike Sjajinnen hoegden nea wer werom te kearen nei it suden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.