Us Leaffrou fan de Roazekrânstsjerke (Rotterdam)
Us Leaffrou fan de Roazekrânstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam | |
adres | Provenierssingel 57 | |
koördinaten | 51° 55' N 4° 28' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Rotterdam | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Albert Margry/Josephus Marie Snickers | |
boujier | 1899 | |
sloopjier | 1975 | |
boustyl | Neogotyk | |
Kaart | ||
De Us Leaffrou fan de Hillige Roazekrânstsjerke, ek bekend ûnder de namme Provenierstsjerke, wie in roomsk tsjerkegebou oan 'e Provenierssingel yn Rotterdam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke dy't yn 'e folksmûle fral bekend stie ûnder de namme Provenierstsjerke wie in trijeskippich bouwurk sûnder dwersskip.
Yn 'e tiid foar de Twadde Wrâldkriich wennen der in soad katoliken yn 'e omjouwing fan 'e tsjerke. De tsjerke rekke yn 'e kriich noch foller, troch't in soad minsken fan oare parochy's op de tsjerke oanwiisd wiene fanwegen it feit dat harren parochytsjerken by it maaie-bombardemint op Rotterdam ferneatige wiene.
De klokken dy't net earder as yn 1910 yn 'e 75 meter hege toer ophongen waarden, waarden troch de Dútske besetter yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere. Nei de kriich waarden de trije klokken ferfongen troch nij getten klokken.
Yn 'e jierren 1960 begûn de tsjerkegong foars ôf te nimmen en waard it dreech om de grutte tsjerke iepen te hâlden. Yn 1973 fusearre de parochy mei dy fan de Sint-Albertustsjerke oan 'e Nicolaas Ruyschstraat. Dat betsjutte foar de Provenierstsjerke dat de doarren ticht gyngen. Twa jier letter waard de Provenierstsjerke ferkocht oan 'e gemeente Rotterdam, dy't de tsjerke fuort slope liet en op it plak in fersoargingshûs boude.
De tsjerke besiet in rige Delftsk blauwe krúsweistaasjes en in tal tegeltablo's yn 'e selde styl fan profeten en hilligen fan de De Porceleyne Fles út Delft. Nei't de tsjerke sluten waard binne hja oerbrocht nei de Albertustsjerke, dêr't se op 'e nij ophongen binne.
De tsjerke hie in soad fan 'e Amsterdamske Sint-Finsintiustsjerke oan de Jacob van Lennepkade, dy't yn 1989 ôfbrutsen waard. Dy trijeskippige neogoatyske tsjerke hie wakker deselde yndieling en likemin in dwersskip en krekt as de Provenierstsjerke in grutte toer rjochts fan de gevel en in lytse treptoer lofts en in dakruter.
Pater Nic Apeldoorn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1933 wie pater Apeldoorn ynearsten as kapelaan ferbûn oan 'e tsjerke. Fanút de Provenierstsjerke organisearre pater Nic Apeldoorn (1908-1982) it Rotterdamske ferset tsjin de Dútsers. Hy holp yn 't earstoan joadske famyljes en besoarge yllegaal printwurk, letter waard er aktiver en boude er in breed netwurk mei oare geastliken op, dy't holpen by it ûnderbringen fan ûnderdûkers. Om't syn namme bekend waard by de Sicherheitsdienst moast de pater ûnder falske namme yn De Haach in oprôle fersetsorganisaasje op 'e nij opsette. Doe't in groep fan 30 fersetsstriders oppakt waard, gyng de pater werom nei Rotterdam foar oerlis mei de knokploech om harren út de finzenskip op it haadkantoar fan de plysje oan it Haagseveer te befrijen. By in lêste grutte razzia dûkten goed tritich manlju yn de Provenierstsjerke ûnder. Yn 'e Hongerwinter fan 1944 op 1945 wist de pater 25.000 bonkaarten te krijen. De kontakten mei dûmny's yn it fersetswurk brieken troch de muorren fan de tsjerken hinne en makke dat de pater in oekumenyske ynslach yn syn pastorale wurk ûntwikkele.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|