Us-Leaffrouwetsjerke (Laken)

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Belgje
regio Brussel-haadstêd
plak Laken
adres Onze-Lieve-Vrouwvoorplein, 1020 Brussel
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1854
arsjitekt Joseph Poelaert, Friedrich von Schmidt
boustyl Neogotyk
offisjele webside
Side parochy

De Us-Leaffrouwetsjerke (Nederlânsk: Onze-Lieve-Vrouwekerk; Frânsk: Église Notre-Dame) oan it Onze-Lieve-Vrouwvoorplein is in neogoatyske tsjerke yn it Brusselse stedsdiel Laken. It is de grutste neogoatyske tsjerke fan Belgje. De tsjerke stiet oan in lyts plein, tichteby it keninklike paleis fan Laken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al om it jier 800 lieten twa susters ta oantinken fan harren ferstoarne bruorren op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke in lytse kapel bouwe, dy't oan de Jongfaam Marije wijd waard. De hillige Guido fan Anderlecht wurke in jiermannich yn dy kapel as koster. Sofie fan Brabân, de dochter fan Elisabeth fan Thüringen, joech in byld fan Marije oan de kapel, dat al gau in soad pylgers wist oan te lûken.

Alde Us-Leaffrouwetsjerke op it tsjerkhôf fan Laken

Yn 1275 waard de kapel ferfongen troch in tsjerke yn de styl fan de ier-brabânske gotyk. Neffens in leginde soe Marije sels de oriïntaasje en grutte fan de nije tsjerke bepaald ha. It ferhaal is dat de bou neat eine om't de muorren jimmeroan ynstoartten. De mitslers besochten de fernielers te trappearjen en bleaune nei it wurk weitsjen by it bouplak, mar nei it ûndergean fan de sinne seagen hja hoe't Marije mei Sint-Barbara en Sint-Katarina fan de himel kaam en dêr mei in gouden tried de ôfmjittings fan de tsjerke oanjoegen. Ek feroaren Marije en de hillige jongfammen de oriïntaasje fan de tsjerke: ynstee fan de tradisjonele oriïntaasje nei it easten moast de tsjerke mei it koer nei it suden, rjochting Brussel, boud wurde.[1]

Louise fan Orléans, de earste keninginne fan Belgje, liet yn har testamint fêstlizze dat se yn de Us-Leaffrouwetsjerke begroeven wurde woe. Doe't se yn 1850 ferstoar naam har man Leopold I it beslút om op it plak in nije tsjerke te bouwen, wêrfan't de krypte tenei it grêfplak fan de keninklike famylje wurde moast. De arsjitekt Joseph Poelaert, dy't op dat stuit it Paleis fan Justysje yn Brussel boude, levere in neogoatysk priiswinnend ûntwerp yn. Yn 1854 lei Leopold I de earste stien foar de nijbou en op 7 augustus 1872 waard de tsjerke plechtich ynwijd, ek al wie de tsjerke doe noch net foltôge. De bysetting fan de kening sels wie lykwols noch in hiel spul. It oerskot fan Leopold I mocht fanwegen syn protestantske leauwe net troch de katolike tsjerke nei de krypte brocht wurde en dêrom waard der oan de efterkant fan de tsjerke grûn ofgroeven en in iepening makke yn de muorre fan de krypte.[2]

Under Leopold II waard de tsjerke lang om let ôfboud. De Dútske arsjitekt Friedrich von Schmidt soarge foar it ûntwerp fan it portaal en de 99 meter hege toer.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keninklike krypte

Alhoewol't de Us-Leaffrouwetsjerke fan Laken nea de rang fan in spesjaal monumint krige, hat de tsjerke foar besikers in hege symboalyske wearde om't it it lêste rêstplak fan in soad leden fan de Belgyske keninklike famylje is. Dêrnjonken leit ek de kardinaal en stifter fan de Katolike Arbeidersjongerein Jozef Cardijn dêr begroeven.

Op it tsjerkhôf efter de tsjerke lizze grêven fan in grut tal ferneamde Belgen. Op it tsjerkhôf is ek it koer fan de âlde tsjerke út 1275 te sjen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan Us Leaffrouwe fan Laken

De preekstoel krige op de Wrâldútstalling fan Parys yn 1878 de earste priis. Yn it rjochter sydskip hinget in 17e-iuwsk skilderij fan de Hillige Famylje fan Gaspar de Crayer. It sulveren krús fan it heechalter datearret út de 18e iuw. De ramen yn de alterromte stamme út de 19e iuw en stelle foarstellings út it libben fan Marije en Jezus foar. Yn ik koer binne nochris fjouwer skilderijen fan De Crayer te sjen: in krúsdragende Kristus, Us-Leave Frou fan Laken, de hillige Guido as lânarbeider en de Flecht nei Egypte. It koeroargel is makke troch de bruorren Adrian en Pietter-Salomon van Bever en waard yn 1907 boud.

It mirakuleuze byld fan Marije is 13e-iuwsk.

Yn it rjochter sydskip foar it sydalter oer dat oan it hillich hert fan Jezus wijd is stiet it grêf fan Joseph Cardijns

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It romantyske oargel waard tusken 1872 en 1874 boud troch Pierre Schyven yn Brussel. Fan 1902 oant 1916 wie Salomon van Bever ferantwurdlik foar de soarch fan it oargel. Yn 1906 waard it oargel yn it ramt fan de foltôging fan de toer tydlik ferwidere. Om't se perfoarst it grutte roasfinster frijhâlde woene, waard it moaie oargelfront nei de bouwurksumheden net wer opboud. Fierders krigen de grutste 32 pipen om it sicht op it roasfinster frij te hâlden plak yn de sydskepen. Mei in pear feroarings yn de disposysje waard it oargel mei in ferienfâldige front yn 1912 wer ynwijd. Utsein in ferfanging fan in register by in restauraasje yn de jierren 1975-1978 is der fierder net in soad oan it oargel feroare. It hat 52 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk en de registertraktueren elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Liebfrauenkirche (Laeken)