Springe nei ynhâld

Us-Leaffrouwebasilyk (Dadizele)

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwebasilyk
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Moorslede
plak Dadizele
koördinaten 50° 51' N 3° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk Katolike Tsjerke
bisdom Brugge
patroanhillige Marije
status basilyk
Arsjitektuer
arsjitekt Eduard Welby Pugin
boujier 1857-1867
boustyl neogotyk
monumintale status beskerme monumint[1]
Webside
dadizele.be
Kaart
Us-Leaffrouwebasilyk (West-Flaanderen)
Us-Leaffrouwebasilyk

De Basilyk fan Us Leaffrou fan Dadizele (Nederlânsk: Basiliek Onze-Lieve-Vrouw van Dadizele) is in roomsk-katolike tsjerke yn 'e gemeente Moorslede, Belgje. De Us Leaffroutsjerke stiet yn it bisdom Brugge en hat de status fan in basilica minor.

Al yn 'e 14e iuw wie Dadizele in ferneamd pylgersplak. De hjoeddeiske basilyk ferfong in letgoatyske pylgertsjerke út de 15e iuw. De bou wie nei oanlieding fan 'e ôfkundiging fan it dogma fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije op 8 desimber 1854 in inisjatyf fan biskop Joannes-Baptista Malou. De earste stien foar it tsjerkegebou waard op 8 septimber 1857 lein en op 18 septimber 1867 waard de earste hillige misse opdroegen.

Us Leaffrou fan Dadizele.

Paus Leo XIII ferliende de tsjerke op 31 jannewaris 1882 de rang fan in basilyk; njonken de Hillige Bloedbasilyk yn Brugge de iennige basilyk fan it bisdom Brugge.

De basilyk wurdt benammen besocht by de pylgertochten yn maaie en septimber. Fral mei de beafearten yn 'e moannen maaie en septimber is der in soad drokte yn de basilyk.

De tsjerke is ferskillende kearen restaurearre.

De basilyk waard yn 'e neogoatyske styl fan 'e Ingelske arsjitekt Augustus Pugin boud troch syn soan Eduard Welby Pugin, werby't der eigen stylkenmerken tapaste. Nei dy syn dea yn 1875 foltôge Jean-Baptiste Bethune de tsjerke.

De tsjerke hat fiif skippen, in dwersskip, in koer en in krypte.

Ynterieur.

Yn 'e tsjerke stiet in 15e-iuwsk albasten byld fan Us Leaffrou fan Dadizele. It twamanualige oargel út 1924 waard troch Jules Anneessens boud mei 24 registers en pedaal.

De brânskildere ramen binne oarspronklik fan A. Verhaegen, dy't ek de yn 1895 foltôge krusingstoer ûntwurp.

Yn 'e krypte is it grêf fan 'e boargemaster fan Dadizele, Jan van Veerdeghem. Hy waard riddere troch aartshartoch Maksimiliaan fan Eastenryk yn 1479 en op leffe wize fermoarde yn Antwerpen yn 1481. Hy spile in belangrike rol by it regeljen fan 'e konflikten tusken de aartshartoch en 'e stêden en tusken de aartshartoch en 'e Frânske kening Loadewyk XI.

Op 1 july 2020 waard foar de nije reliken fan paus Jehannes Paulus II in nij alter ynwijd. De reliken binne in pear hieren fan 'e eardere paus. It retabel yn 'e kapel toant Jehannes Paulus yn it midden, Us Leaffrou fan Dadizele oan 'e lofterkant en de basilyk oan 'e rjochterkant. Ek wurde ferskillende moderne hilligen op it retabel ôfbylde.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Liebfrauenbasilika (Dadizele)