Springe nei ynhâld

Ursustsjerke (Termunten)

Ut Wikipedy
Ursustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Termunten
adres Petrus Muntinghepad 4
koördinaten 53° 17' N 7° 02' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Ursus fan Solothurn
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35003
Webside
PKN Iems-Dollard
Kaart
Ursustsjerke (Grinslân)
Ursustsjerke

De Ursustsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou yn Termunten yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke is yn 2014 oerdroegen oan de Stichting Alde Grinslânske Tsjerken. Alhoewol't net elkenien dêr foar wie, krige de tsjerke sûnt dy oerdracht in bredere funksje.

Rekonstruksjetekening fan 'e oarspronklike Ursustsjerke.

De tsjerke stamt út de 13e iuw en waard neffens argeologysk ûndersyk fan Albert Egges van Giffen boud op 'e fûneminten fan in sterke fan dowestien. Eartiids gyng it om in folle gruttere krústsjerke, dêr't tsintwurdich allinne it koer en it travee fan 'e krúsing fan oerbleaun binne. Oan it ein fan 'e 16e iuw waarden de dwersskippen ôfbrutsen en it skip yn 'e 17e iuw.

De frijsteande midsiuwske toer fan de tsjerke stoartte yn 'e 19e iuw yn. De tsjerke krige dêrnei in dakruter foar de klok út 1796, dy't yn 1943 troch de Dútsers foardere waard. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de klok ferfongen.

De tsjerke nei de befrijing fan 1945.

Yn april 1945 waard de tsjerke by besjittings fan 'e Dútske Batterie Termunten rekke. De brân dy't doe ûntstie ferneatige it dak en de dakruter, mar ek de âlde ferwulften mei de fresko's, it oargel fan Matthias Amoor út 1739 en it foar in part 17e-iuwske tsjerkemeubilêr. Fan 1948 oant 1951 waard de tsjerke wer opboud. Ut dy tiid stamt ek de tafoeging fan 'e hjoeddeiske toer. It romaanske doopfont fan 'e tsjerke datearret út 'e 12e iuw.

Fan 2017 oant 2019 fûn in grutte restauraasje plak.[1]

De tsjerke hat sûnt 2009 in oargel fan Nicolaas Anthonie Gerhardus Lohman (1834-1871) út 1864. It waard eartiids boud foar de Minnistetsjerke fan Nij-Scheemda. Nei't dy tsjerke sletten waard belâne it ynstrumint yn de minnistetsjerke fan Noardbroek. Doe't ek dy tsjerke sletten waard bleau it oargel jierrenlang yn 'e opslach, oant it yn 'e simmer troch Mense Ruiter yn 'e Ursustsjerke wer opboud waard. Fiifensechtich jier hie de tsjerke it sûnder oargel dwaan moatten, mar yn april 2010 waard it Lohman-oargel yn gebrûk nommen. It oargel is ek in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: