Ursus fan Solothurn
Ursus fan Solothurn | ||
hillige | ||
Sint-Ursusbyld fan 'e Sankt-Ursusbrunnen yn Solothurn. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
stjerdatum | 286 of ± 303 | |
stjerplak | Solothurn | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 30 septimber | |
patroan fan | Solothurn, bisdom Basel |
Ursus fan Solothurn († 286[1] of ± 303[2] ) wie in Romeinske Kristen út 'e 3e iuw, dy't as hillige fereare wurdt. Ursus is mei Fiktor fan Solothurm de patroanhillige fan 'e katedraal yn it Switserske stêd Solothurn, dêr't syn reliken bewarre wurde.
Hy waard al hiel ier (lykas yn it Martyrologium Romanum) mei it Tebaanske Legioen en Sint-Fiktor yn ferbân brocht. Mei syn gesel Fiktor en noch 66 oare kristensoldaten wist er oan 'e moardnerij yn Agaunum (it hjoeddeiske Saint-Maurice) te ûntkommen. Mei Fiktor gie er nei Solothurm, dêr't se ek alletwa martele en ombrocht waarden.[3]
It libben fan Ursus waard yn 'e 5e iuw beskreaun troch aartsbiskop Eucherius fan Lyon. Dy wie lykwols ôfhâldend wat harren bân mei it Tebaanske Legioen oanbelange. Eucherius skreau dat Ursus om 286 hinne martele en ûnthalze waard yn 'e tiid fan keizer Maksimianus en gûverneur Hyrtacus, nei't er wegere om oan 'e ôfgoaden te offerjen.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ursus is patroanhillige fan Solothurn en it bisdom Basel. De hillige is yn ús kontrijen net sa bekend, mar de tsjerke fan Termunten wie eartiids oan Ursus wijd.
Tusken 473 en 500 waard it lichem fan Sint-Fiktor troch de Boergondyske keninginnne Theudesinde nei Genève brocht. Nei alle gedachten waar doe in tsjerke boud oer de reliken fan Sint-Ursus. It Ferdrach fan Meerssen neamt in oan Sint-Ursus wijd kleaster yn Solothurn. De kiste fan Ursus waard yn 1519 fûn. Syn reliken wurde yn 'e oan him wijde katedraal fan Solothurn bewarre. Hy wurdt op 30 septimber betocht.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ursus wurdt as soldaat ôfbylde, fakentiden mei syn holle ûnder de earm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en:Ursus of Solothurn (ferzje fan 4 jannewaris 2024) |