Springe nei ynhâld

Unwaarsfûgel

Ut Wikipedy
ûnwaarsfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje seefûgels (Laridae)
skaai miuwen (Larus)
soarte
Larus canus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De ûnwaarsfûgel (Larus canus) is in 43 sm grutte fûgel út de famylje fan de seefûgels. Hy hat wite fearren en de boppekant fan de wjukken is griis. De úteinen fan de wjukken binne swart-wyt, de snaffel en de poaten binne giel oant grien. Der is gjin ferskil tusken de mantsjes en de wyfkes. De ûnwaarsfûgel kin sa'n 25 jier âld wurde.

De ûnwaarsfûgel liket in soad op de sulvermiuw, dy't folle mear foarkomt. De wichtichste ferskillen binne de giel-griene poaten, dêr't dy fan de Sulvermiuw rôze binne, en de swarte eagen, dêr't de Sulvermiuw giele eagen mei in read rântsje hat.

De ûnwaarsfûgel komt foar yn Noard-Amearika, Europa en Aazje. Yn Europa leit syn briedgebiet yn Noard- en Midden-Europa, foaral om de Eastsee hinne. De ûnwaarsfûgel komt yn Nederlân almeast allinich oan de seekust foar. Mei stoarmwaar lûke se lykwols nei it binnenlân; dat hat de fûgels harren namme jûn. By winterdei lûke de fûgels meast nei it suden, nei de Noardseekust en de Atlantyske kust.

De lêste jierren binne der yn Nederlân jierliks sa'n 6.000 briedpearen. Op it Nederlânsk diel fan 'e Noardsee wurde alle jierren likernôch 80.000 eksemplaren teld.

Jongen fan de ûnwaarsfûgel.
Larus canus canus

De ûnwaarsfûgels binne geslachtsryp at se trije jier âld binne. De ûnwaarsfûgel briedt yn lytse koloanjes yn de buert fan it wetter. It nêst wurdt makke op in drûch keal plak op de grûn, dat de âlden in goed oersjoch hawwe. De nêsten lizze sa'n 5 oant 20 m út inoar. It wyfke leit meastentiids trije aaien yn it fan plantemateriaal makke nêst. De âlden briede de aaien tegearre yn 23-28 dagen út. It doarret dan noch 4-5 wiken ear't de jonge fûgels útfleane en harren sels rêde kinne.