Springe nei ynhâld

USS West Virginia (skip út 1923)

Ut Wikipedy
USS West Virginia
De USS West Virginia nei de rekonstruksje yn july 1944.
De USS West Virginia nei de rekonstruksje yn july 1944.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-48
skiednis
werf Newport News Shipbuilding
kyllizzing 12 april 1920
tewetterlitting 19 novimber 1921
yn de feart 1 desimber 1923
út tsjinst 9 jannewaris 1947
status sloopt 3 jannewaris 1961
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Colorado-klasse
lingte 190 m
breedte 29.72 m
djipgong 9.30 m
deplassemint 32.600 long ton
tonnaazje 33.100 brt
bemanning 1.305 koppen (nei rekonstruksje)
maks. faasje 21,7 knopen (39,2 km/h)
bewapening 8 × 16 inch (406 mm)-kanon
12 × 5 inch (127 mm)-kanon
4 × 3 inch (76 mm)-kanon
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings tarist mei 4 wetterfleantugen
en 2 fleantúchkattepûlen

De USS West Virginia wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Colorado-klasse, mei de koade BB-48. It wie fan 1923 oant 1947 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. It waard ta sinken brocht by de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, mar letter burgen en reparearre, en op 'e nij ynset.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske slachskippen fan 'e Colorado-klasse wiene hast folsleine kopyen fan 'e foargeande Tennessee-klasse. De kyl fan 'e USS West Virginia waard lein op 12 april 1920 op 'e skipswerf fan Newport News Shipbuilding yn Newport News yn 'e Amerikaanske steat Firginia. It skip waard dêr op 19 novimber 1921 te wetter litten. As marineskip wie de USS West Virginia swier bepânsere en it wie bewapene mei acht 16 inch (406 mm)-kanonnen en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 190 m, in breedte fan 29.72 m en in djipgong fan 9.30 m. De topsnelheid bedroech 21,3 knopen, oftewol 39,2 km/h.

De USS West Virginia by in floatskou yn 1927.

De USS West Virginia waard op 1 desimber 1923 troch de Amerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen. It hie oarspronklik de bedoeling west dat USS West Virginia it fjirde skip fan 'e Colorado-klasse wurde soe, mar it susterskip, de USS Washington, waard nea makke fanwegen de beheinings dy't oan 'e wapenwedrin op see oplein waarden troch it Marineferdrach fan Washington út 1922. Dat betsjutte dat de USS West Virginia eins it trêde slachskip fan 'e Colorado-klasse wie. Op 'e earste trainingsreis rekke it roer defekt, wêrnei't it skip op 'e Marinewerf fan New York nochris yngeand neisjoen waard.

Doe't de USS West Virginia yn juny 1924 wer útfear, foel yn it Lynnhaven Channel foar de kust fan Firginia op 'e nij it roer út, wêrnei't it skip bestjoerd wurde moast troch de stjoerboard- en bakboardskroeven hurder of stadiger gean te litten. Kaptein-op-see Thomas J. Senn besocht it skip op dy wize keare te litten, mar it rûn oan 'e grûn. Neitiid wiisde in ûndersyk út dat dat lei oan it feit dat de djipte fan it farwetter op dat punt op 'e kaarten ferkeard oanjûn stie, sadat Senn en de navigator fan it skip fan skuld oan it ynsidint frijsprutsen waarden.

Op 30 oktober 1924 waard de USS West Virginia oanwiisd as it flaggeskip fan it slachskipflottylje fan 'e Amerikaanske Slachfloat. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren wie it skip neitiid belutsen by rûtine-operaasjes en trainings, wêrûnder de Fleet Problems, de grutte militêre oefenings fan 'e Amerikaanske Marine. Yn 1925 naam de USS West Virginia diel oan in freonskiplik besyk fan 'e Amerikaanske float oan Austraalje en Nij-Seelân. By Fleet Problem X, yn maart 1930 waard it slachskip 'bombardearre' troch fleantugen dy't ôfkomstich wiene fan it fleandekskip de USS Lexington. By Fleet Problem XI, in moanne letter, beskeaten de USS West Virginia en de USS Tennessee by fersin harren 'eigen' fleandekskip, de USS Saratoga, dat se oanseagen foar de USS Lexington. Dat trainingsynsidint joech oanlieding ta in ferbettering fan 'e kommunikaasje tusken Amerikaanske marineskippen. Koarte tiid letter ûndergie de USS West Virginia in beheinde modernisearring.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.
De USS West Virginia sinkt nei't er by de Oanfal op Pearl Harbor rekke is twa bommen en sân torpedo's.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS West Virginia dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

De USS West Virginia waard rekke troch twa bommen en sân torpedo's, wêrby't 106 deaden foelen. De sânde torpedo skuorde it roer ôf. Kaptein-op-see Mervyn Bennion joech lieding oan 'e ferdigening fan syn skip oant er delmeand waard troch fragminten fan in bom dy't de njonkenlizzende USS Tennessee rekke. Under de bemanningsleden dy't har dy deis bûtengewoan ûnderskaten, wie de Afro-Amerikaanske kok Dorie Miller, dy't in ûnbemanne stik loftdoelgeskut oernaam foar de betsjinning wêrfan't er gjin training hân hie. Foar syn dieden dy moarn waard him letter as earste Afro-Amerikaan it Navy Cross takend. USS West Virginia sonk yn 'e lagune Pearl Harbor, mar waard op 17 maaie 1942 burgen. Yn it skipswrak waarden de stoflike omskotten ûntdutsen fan 66 oant 70 fan 'e omkommen bemanningsleden, dy't yn it sonken skip fêst kommen wiene te sitten. Guon fan harren hiene dêr dagenlang op ellindige wize oerlibbe yn luchtpockets, trije fan harren sels 16 dagen, oant de lucht úteinlik oprekke wie en se stikt wiene.

In drinkeling wurdt út it wetter fan Pearl Harbor skuord. Op 'e eftergrûn de brânende USS West Virginia.

Rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei provisoaryske reparaasjes waard de USS West Virginia nei it Amerikaanske fêstelân fearn, dêr't it slachskip op 'e Marinewerf fan 'e Puget Sound yn Bremerton (Washington) in yngeande rekonstruksje ûndergie. Dêrfoar stie de USS West Virginia lykwols yn 'e wacht efter de minder swier skansearre USS Tennessee en USS California, sadat it wurk oan it skip pas yn septimber 1944 foltôge waard.

Neitiid fear de USS West Virginia nei de Admiraliteitseilannen yn wat no Papoea Nij-Guineä is, dêr't risselwearre waard foar de befrijing fan 'e Filipinen. Under de Filipynske Kampanje ûnderstipe de USS West Virginia yn 'e Slach om Leyte Amerikaanske amfibyske operaasjes troch Japanske posysjes op it eilân te besjitten mei syn reuseftige kanonnen. De Keizerlike Japanske Marine sette dêrop in grutte tsjinoanfal yn dy't bekend kaam te stean as de Slach yn 'e Golf fan Leyte, hoewol't it eins in rige fan fjouwer seeslaggen wie. By ien dêrfan, de Slach yn 'e Strjitte fan Surigao (it lêste wapene treffen tusken slachskippen út 'e skiednis) makke de USS West Virginia yn 'e nacht fan 24 op 25 oktober 1944 diel út fan it flottylje dat de Japanske skippen fersloech. It wie nei alle gedachten in kûgel fan 'e USS West Virginia dy't al by de earste salvo de brêge fan it Japanske slachskip de Yamashiro rekke.

De USS West Virginia fjurret syn kanonnen ôf yn it tsjuster yn 'e Slach yn 'e Strjitte fan Surigao (oktober 1944).

Nei ûnderhâld en lytse reparaasjes yn 'e Nije Hebriden (no Fanûatû) kearde de USS West Virginia werom nei de Filipinen om dêre oant ein jannewaris 1945 op 'e nij Amerikaanske lâningsoperaasjes te ûnderstypjen. Mids febrewaris wie it slachskip yn in ferlykbere hoedanichheid belutsen by de Slach om Iwo Jima, yn 'e Japanske Bonineilannen, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Ein maart arrivearre de USS West Virginia by de Rjûkjû-eilannen yn 'e Eastsineeske See, dêr't it slachskip mei syn grutte kanonnen de Amerikaanske troepen ûnderstipe yn 'e bloedige Slach om Okinawa. Dêrby waard it skip op 1 april rekke troch in kamikaze, mar hoewol't dêr 4 bemanningsleden by omkamen en nochris 7 by ferwûne rekken, waard der net in soad skea oanrjochte. Ein juny ferliet de USS West Virginia Okinawa om behelle te wurden yn 'e risselwaasje foar Operaasje Downfall, de ferwachte ynvaazje fan Japan.

Doe't op 15 augustus lykwols de berjocht fan 'e kapitulaasje fan Japan kaam, fear de USS West Virginia de Baai fan Tokio yn om dêr Amerikaanske troepen oan lân te setten foar de besetting fan Japan. It skip wie dêr oanwêzich doe't op 2 septimber de formele oerjefteformaliteiten plakfûnen oan board fan it slachskip de USS Missouri. Op 20 septimber sette de USS West Virginia ôf om fia Okinawa en Hawaï nei San Diego te farren, dêr't it skip op 22 oktober arrivearre. Nei inkele dagen rêst sette it skip op 27 oktober al wer ôf, om yn it ramt fan Operaasje Flying Carpet (de repatriëarring fan hûnderttûzenen Alliëarden) Amerikaanske troepen út Hawaï nei it Amerikaanske fêstelân oer te farren. De USS West Virginia waard op 9 jannewaris 1947 troch de Amerikaanske Marine út 'e tsjinst helle, wêrnei't it by de Pasifyske Reservefloat yndield waard om yn 'e 'motteballen' lein te wurden. Op 24 augustus 1959 waard it slim ferâldere slachskip foar skroat ferkocht, en op 3 jannewaris 1961 waard it sloopt op 'e skipswerf fan Todd-Pacific n Seattle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.