Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Scheemda

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Scheemda
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Scheemda
adres Torenstraat
koördinaten 53° 10' N 6° 58' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Bartoloméus
Arsjitektuer
boujier 1515
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33077
Webside
Side SAGT: Tsjerke fan Scheemda
Kaart
Tsjerke fan Scheemda (Grinslân)
Tsjerke fan Scheemda

De Tsjerke fan Scheemda (ek Scheemder Tsjerke) is in letgoatysk tsjerkegebou yn Scheemda, Grinslân.

Nei de Kosmas- en Damianusfloed fan 1509 waard besletten it doarp te ferhûzen nei in plak dat oardel kilometer fierderop lei. De tsjerke waard yn 1515 boud.

Tsjerketoer

De fûneminten fan 'e âlde 13e-iuwske krústsjerke, de frijsteande toer en de ringmuorre waarden yn it ramt fan de oanlis fan 'e A7 tusken 1988 en 1989 op it plak dêr't it doarp ea lei wer opgroeven. Dy eardere lokaasje fan 'e tsjerke stiet bekend ûnder de namme Ol Kerkhof. Yn 'e roomske tiid wie de tsjerke wijd oan 'e apostel Bartoloméus.

Sûnt 2001 is de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken eigner fan it gebou. Alle moannen fiert de Feriening fan Frijsinnige Protestanten Wynskoat-Scheemda dêr in tsjinst.

De tsjerke is in sealtsjerke mei in trijesidich koer. Boppe de tagong waard yn 1888 in finster ynbrutsen, mei dêryn in Bibellêzend frommis; in allegoaryske foarstelling fan it leauwe. Yn 'e noardlike muorre is in tichtmakke tagong te werkennen. Dêrnjonken is in treptoer, dy't tagong jout ta it ferwulft.

In eintsje fierder fan 'e tsjerke stiet de klokketoer. It sealtek fan 'e toer is by in romantyske restauraasje fan 1887 bot feroare troch trepgevels en in spits ta te foegjen. De ûnderferdjipping fan 'e toer hat in restaurearre koepelferwulft.

It oarspronklike oargel út 1526 waard yn 1874 troch de tsjerkfâldij ferkocht oan J. Verwer út Ljouwert, dy't it yn 1896 trochferkocht oan it Ryksmuseum yn Amsterdam. Dêr stiet de oargelkas mei ryk beskildere doarren mei foarstellings út it libben fan Jezus noch jimmeroan. De pipen fan it oargel binne allinne foar de sier. Nei de ferkeap fan it âlde oargel boude Roelf Meijer út Veendam in nij ynstrumint, dat yn 1982 en 1992 troch Mense Ruiter restaurearre en ferboud is. It oargel telt no 16 registers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: