Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Reitsum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Reitsum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Reitsum
adres Flieterpsterdyk 16
koördinaten 53° 19' N 5° 53' E
Arsjitektuer
boujier 1736
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15640
Webside
Protestantske gemeente De Flieterpen
Kaart
Tsjerke fan Reitsum (Fryslân)
Tsjerke fan Reitsum

De Tsjerke fan Reitsum is de tsjerke fan de protestanske gemeente De Flieterpen.

Op in kaart fan Ruerd fan Juckema út 1626 en in tekening fan Jacob Stellingwerf út 1722 stiet de Reitsumer tsjerke noch as in tsjerke mei in sealtektoer ôfbylde. De toer fan de midsiuwske tsjerke waard yn 1735 ôfbrutsen en in jier letter waard der stien, hout en kalk oanfierd foar de bou fan in nije tsjerke. Dy tsjerke hie nei alle gedachten in dakruter dy't midden op it dak stie. It tou foar it lieden fan de klok hong doe midden yn de tsjerke. Yn 1874 waard de tsjerke oan de eastlike en westlike kant langer makke en folge de oanbou fan in nije fleugel dwers op it noardlike diel fan it skip. De westlike gevel krige foar de klok in houten dakruter.

Oargel

Mei de oanstelling fan dûmny Johannes Jacobus Asuerus Ploos van Amstel briek in tiid oan dat minsken fan fier en hein nei Reitsum kamen om nei syn preken te harkjen. De tsjerke siet dan groatfol en de tsjinsten duorren somtiden wol trije oeren lang. Ploos fan Amstel makke him sterk foar de oprjochting fan kristlike skoallen en yn 1886 wie Reitsum ûnder Ploos van Amstel de earste gemeente fan Fryslân, dy't briek mei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en yn doleânsje gyng. Ploos fan Amstel waard útsluten fan it amt, mar hy bleau gewoan yn de herfoarme tsjerke preekjen en sa kaam it dat der in slot op de preekstoel kaam, dêr't allinne de herfoarme dûmny's fan de ring Holwert in kaai fan krigen. De grifformearde gemeente bleau gebrûk meitsjen fan de herfoarme tsjerke oant der in eigen grifformearde tsjerke op 10 novimber 1896 iepene waard. Dat lêste soe dûmny Ploos van Amstel sels net mear meimeitsje, hy stoar earder en is te rêste lein op it hôf fan de herfoarme tsjerke. Pas nei syn dea doarden de pear herfoarmen fan Reitsum de pastory wer op te easkjen. It slot dat hja foar de dûmny op de preekstoel sette litten hiene sit der lykwols noch jimmeroan.

Hjoeddeiske gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid feroare der net in soad yn Reitsum, mar troch de ôfnimmende trou oan de tsjerke waarden de gemeenten fan de Flieterpen twongen hieltiten mear mei inoar gear te wurkjen. Sûnt 1 maaie 2005 binne de herfoarme gemeente en grifformearde gemeente fan Reitsum fusearre ta ien protestanske gemeente. Ek foar de doarpen Ginnum, Jannum, Jislum en Lichtaard is Reitsum it tsjerklik sintrum. De tsjerken fan Ginnum en Lichtaart binne yn 1970 oernommen troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken.[1] Eigner fan de tsjerke fan Jannum is de Stifting Monumintensoarch Ferwerderadiel.[2]

De iken preekstoel út 1638 hat in achtsidige kûp mei in klankboer en rêchstik. It doophek is sûnt 1959 net mear oanwêzich. Yn de klokkestoel hinget in klok mei in diameter fan 81 sintimeter, dy't yn 1612 troch Hendrik Wegwaert yn Kampen getten waard. It mechanysk oerwurk yn de toer datearret fan 1881 en is makke troch Van Bergen, Heiligerlee.

It ienmanualige oargel is boud yn 1885 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo Ferwerderadeel, M. van den Berg
  • Ynfoboerd by de tsjerke fan Reitsum