Tsiis (novelle)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsiis
oarspr. titel Kaas
auteur Willem Elsschot
taal Nederlânsk
foarm novelle
1e publikaasje 1933, Antwerpen
oarspr. útjwr. Uitgeverij Manteau
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Tsiis
publikaasje 2007, Amsterdam
útjouwer Athenaeum-Polak & Van Gennep
oersetter Frank Dijkstra
ISBN oers. 978-9 02 53 11 766

Tsiis, yn it oarspronklike Nederlânsk: Kaas, is in novelle fan 'e hân fan 'e Flaamske skriuwer en dichter Willem Elsschot (1882-1960). It ferhellet oer in sljochtwei klerk dy't him beprate lit om keapman yn tsiis te wurden, in produkt dêr't er sels fan walget. It docht al gaueftich bliken dat er hoegenamt gjin oanlis hat foar syn nije berop. Kaas waard foar it earst publisearre yn 1933, en yn 1999 troch Orlow Seunke ferfilme. Fierders waard it yn 2008 troch Dick Matena bewurke ta in stripferhaal. De Fryske oersetting, fan Frank Dijkstra, ferskynde yn 2007.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haadpersoan fan it ferhaal is Frans Laarmans (in alter ego fan Elsschot dat ek de haadrol spilet yn syn romansyklus Lijmen/Het Been), dy't as klerk by in skipswerf yn Antwerpen wurket. In Van Schoonbeke, in rike freon fan syn broer Jan, biedt him de mooglikheid om in gruthannel yn Nederlânske tsiis te begjinnen, en Laarmans lit him dêrta ferliede, ek al hat er sels in grutte ôfkear fan it stjonkende giele spul. Syn motivaasje dêrby is dat er it respekt fertsjinje wol fan 'e snobistyske lju yn it hegere sosjale fermidden dêr't er by fersin yn fersyld rekke is. Mei de help fan syn frou en syn broer Jan (dy't húsdokter is), makket er syn baas by de skipswerf wiis dat er in hoart mei ûnbetelle ferlof moat, om't er lije soe oan in senuwsykte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid wijt Laarmans him folslein oan syn nije wurk, mar ynstee fan him op hannel ta te lizzen, lit er him sa meislepe troch it oansjen fan syn posysje as gruthanneler dat er him inkeld dwaande hâldt mei de ynrjochting fan syn kantoar, it betinken fan in gaadlike namme foar syn bedriuw, it ûntwerpen fan offisjeel briefpapier en it oanlûken fan ûnderhearrige aginten foar syn distrikt, dat hiele Belgje omfiemet en it gruthartochdom Lúksemboarch der noch op ta. As de earste fracht folfette Edammer tsiis arrivearret, wit er net goed wat er dermei oan moat, mar ûnderwilens hat syn nije posysje him wol it respekt fan syn om-en-by besoarge dat er sa graach hawwe woe.

Yn 'e praktyk blykt lykwols dat Laarmans folslein ûngeskikt is foar syn nije wurk. Hy is net by steat en ferkeapje ek mar de lytste hoemannichte tsiis. Fierders docht bliken dan de aginten dy't er oannommen hat (op oare beropseasken as harren fermogen om produkten oan 'e man te bringen), foar it meastepart liddichgongers binne dêr't er neat oan hat. Sa minderet de ûnbidige berch tsiis yn syn pakhús mar amperoan. Njonken syn falen as keapman hat Laarmans ek noch oare soargen, want syn kollega's fan 'e skipswerf sykje him oates en toates op om te sjen hoe't it mei him is, en hy moat der sadwaande allegeduerigen om tinke dat er harren ûntrint as er mei syn tsiis oan it suteljen is. Syn frou en bern besykje him by te stean, mar hawwe dúdlik ûnder de hiele sitewaasje te lijen.

Ta einbeslút jout Laarmans syn keapmanskip deroan, nei mar in pear tsizen ferkocht te hawwen. Hy keart werom nei de skipswerf, dêr't er syn wurk as sljochtwei klerk wer opnimt, en mei iepen earms ûntfongen wurdt troch syn kollega's. Syn frou soarget derfoar dat der foarearst by harren gjin tsiis mear yn 'e hûs komt.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaas waard yn 2007 ûnder de titel Tsiis yn it Frysk oerset troch Frank Dijkstra, dy't de fertaling útbrocht by útjouwerij Athenaeum-Polak & Van Gennep, te Amsterdam. Yn syn neiwurd fertelt de oersetter dat syn leafde foar Elsschot him bybrocht is troch Anne Wadman, syn learaar Nederlânsk op it gymnasium yn Snits. Op in stuit waard er as lid fan it Willem Elsschot Genoatskip útnûge foar in sympoasium op 'e Lessius Hegeskoalle yn Antwerpen, der't û.m. de oersettings fan Kaas yn it Ingelsk, Spaansk, Italjaansk en Dútsk (en nei't men oannimme mei ek yn it Frânsk, al seit er dat der net by) yngeand beljochte waarden. Sa kaam Dijkstra op it idee om Kaas yn it Frysk oer te setten, in projekt dat er úteinlik mei de help fan û.o. Ernst Bruinsma, de einredakteur fan it tydskrift De Moanne, en Mirjam Vellinga en Ytsje Steen fan 'e Afûk ta in goed ein brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elsschot, Willem, Tsiis (oers. Frank Dijkstra), Amsterdam, 2007 (Athenaeum-Polak & Van Gennep), ISBN 978-9 02 53 11 766.