Tracee Ellis Ross
Tracee Ellis Ross | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tracee Joy Silberstein | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 oktober 1972 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Joadsk | |
jierren aktyf | 1996 – no | |
prizen | 4x NAACP Image Award | |
offisjele webside | ||
www.traceeellisross.com |
Tracee Ellis Ross (wiere namme: Tracee Joy Silberstein; Los Angeles, 29 oktober 1972) is in Amerikaansk aktrise, model, komediënne, tillefyzjeprodusinte en presintatrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Joadsk etnysk komôf. Hja is de dochter fan 'e wrâldferneamde sjongster Diana Ross en briek sels troch as aktrise yn 'e rol fan Joan Clayton yn 'e komeedzjesearje Girlfriends.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ross waard yn 1972 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje as Tracee Joy Silberstein, de dochter fan 'e Afro-Amerikaanske sjongster Diana Ross en dy har Joadske sakemanager Robert Ellis Silberstein. Akteur en muzikant Evan Ross is har healbroer. Ross genoat ûnderwiis oan 'e New Walden Lincoln-skoalle yn 'e New Yorkske wyk Manhattan en it Institut Le Rosey yn it Switserske Gstaad. Letter studearre se oan 'e Brown Universiteit yn New York, dêr't se yn 1994 in bachelortitel yn aktearjen behelle.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As tiner wurke Ross as model, en nei't se ôfstudearre wie, sette se datoangeande útein mei in karriêre yn 'e moadeyndustry, yn it foarste plak as model, mar dêrnjonken ek as redaktrise fan de tydskriften Mirabella en New York. Har debút as aktrise makke se yn 1996 yn 'e ûnôfhinklike film Far Harbor. It jiers dêrop wie se presintatrise fan The Dish, in tillefyzjeprogramma oer lifestyle en popkultuer. Yn 1998 makke se yndruk mei har fertolking fan 'e rol fan in atlete dy't op 'e middelbere skoalle seksueel misbrûkt wie troch har trener yn 'e tillefyzjefilm Race Against Fear: A Moment of Truth.
Yn 2000 hie Ross de haadrol yn 'e film Hanging Up, fan regisseur Diane Keaton. Datselde jiers begûn Ross mei in wurkpaad as komediënne, wêrby't se geregeldwei ferskynde yn it programma The Lyricist Lounge Show op 'e muzykstjoerder MTV. Fierders briek se yn 2000 ek foargoed troch as aktrise mei de komeedzjesearje Girlfriends, dy't acht seizoenen rûn, oant 2008. Dy searje draaide om trije Afro-Amerikaanske freondinnen en harren bêste manlike freon. Ross spile de haadrol fan Joan Clayton, in súksesfolle mar neuroatyske abbekate op 'e siik nije leafde, útdagings en aventoer. Hja wûn mei har fertolking fan Clayton yn 2005 in BET Award yn de kategory bêste haadrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje, en boppedat wûn se der yn 2007 en 2009 twa kear in NAACP Image Award foar yn deselde kategory. (Foar dyselde kombinaasje fan rol en priis waard se fierders net minder as seis kear nominearre, yn 2002-2006 en yn 2008.)
Yn 2007 spile Ross mei har healbroer Evan Ross en Queen Latifah yn 'e tillefyzjefilm Life Support. Oare films dêr't se yn spile, wiene Daddy's Little Girl (2007), Labor Pains (2009) en Five (2011). Fierders hie se gastrollen yn ôfleverings fan 'e tillefyzjesearjes Second Time Around en Private Practice. Yn 2011 fertolke se yn fjouwer ôfleverings fan 'e plysjesearje CSI: Crime Scene Investigation de ferfrjemde frou fan haadrolspiler Laurence Fishburne. Yn datselde jier hie se ek in fêste rol yn 'e komeedzjesearje Reed Between the Lines, mei Malcolm-Jamal Warner. Dêrfoar wûn se yn 2012 in trêde NAACP Image Award. Yn augustus 2012 waard lykwols bekend makke dat Ross net yn it twadde seizoen fan 'e Reed Between the Lines te sjen wêze soe. Fan 2014 ôf spilet Ross de rol fan dokter Rainbow Johnson yn 'e komeezjesearje Black-ish, as tsjinspylster fan Anthony Anderson. Yn 2015 wûn hja foar dy rol har fjirde NAACP Image Award, op 'e nij foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Tracee Ellis Ross
- (in) Folsleine filmografy fan Tracee Ellis Ross yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk model
- Amerikaansk komyk
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk model fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk komyk fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk presintator fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1972