Tomastsjerke (Ketlik)
Tomastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Hearrenfean | |
plak | Ketlik | |
adres | Tsjerkeleane 20 | |
koördinaten | 52° 56' N 6° 0' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1525 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21180 | |
Webside | ||
Side PKN Ketlik-Mildaam | ||
Kaart | ||
De Tomastsjerke is in 16e-iuwsk tsjerkegebou oan 'e Tsjerkeleane yn Ketlik, gemeente It Hearrenfean. De tsjerke waard yn 1977 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar wurdt regelmjittich troch de protestanske gemeente Mildaam-Ketlik brûkt foar it fieren fan tsjinsten. Dêrnjonken kin de tsjerke ek hierd wurde foar spesjale tsjinsten en foar konserten of gearkomsten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud yn 1525 en ferfong eartiids in 13e-iuwske kapel, dêr't sûnt in buorskip om hinne ûntstie dat mei de bou fan de tsjerke yn 1525 it doarp Ketlik waard. Yn 'e 17e iuw krige de tsjerke in nije westlike gevel. De oarspronklike finsters waarden yn de 18e iuw ferfongen troch de tsjintwurdige rûnbôgefinsters.
Grûnûndersyk yn 'e jierren 1970 wiisde út dat de tsjerke net op in terp, mar op in natuerlike ferheging yn it fean boud waard. Der binne doe gjin resten fan in âlder gebou fûn. Mooglik wie de kapel eartiids fan hout. Ek is it mooglik dat de bewenning yn 'e rin fan de tiid troch de ôfgraving fierder fan it oarspronklike plak kaam te lizzen en de nijbou fan de tsjerke net mear op de âlde lokaasje fan de kapel plak fûn hat.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sealtsjerke waard fan roaswinkels boud. Foarse steunbearen hâlde it skip en it trijesidige koer op it plak. In toer hat de tsjerke nea hân. Yn stee dêrfan krige de tsjerke in houten klokkestoel. Yn 'e klokkestoel hingje twa yn 1952 troch Van Bergen yn Heiligerlee getten klokken. De âldere klokken út 1752 fan Cyprianus Jans Crans waarden yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere. Om't it der by it Tomaslieden al te fleurich om en ta gyng en de lju dat net sa passend fûnen op in tsjerkhôf, ferhûze de klokkestoel yn de jierren 1930 nei it tsjintwurdige plak njonken it begraafplak.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de restauraasje fan 'e jierren 1970 krige de 17e-iuwske preekstoel it plak oan de súdlike muorre werom. Doe binne ek de tradisjonele tsjerkebanken ferwidere en ferfongen troch stuollen. Oan 'e westlike kant bleaune twa hearebanken stean. Yn it koer is noch in nis út de katolike tiid, dy't ornearre wie foar it liturgysk reau. It psalmboerd yn it koer is 18e-iuwsk.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Grinzer oargelbedriuw Mense Ruiter út Zuidwolde boude yn 1982 in lyts oargel op de westlike galerij.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|